Stel je sitte bij it popkoar.
Dan sitte je dêrbij omdat je fan sjongen hâlden
en fan popmuzyk (tink ik dan mar)
Fan it optreden krije je in goed gefoel,
omdat der minsken nei je sitte te harkjen
en sels klappe at je in liet útsongen ha
Sa wie it sneon net op 'Jouwer
Nei it popkoar komt in ferskesjonger
mei gitaar en piano.
Harkerslieten dus.
It koar ferlit it poadium en
kwek, kwek, kwek, kwek, kweeek
dêr giet it los.
Mei de rêch nei de ferskesjonger
en drok mei harren sels.
Doe't it koar nei de lietsjessonger wer mocht
bin ik mar fuortgien.
Sjonglju dy't gjin respekt hawwe foar oare muzikanten
kin om mij.......
Geen opmerkingen:
Een reactie posten