maandag 16 juni 2025

De Gielguorde

Famyljewykein 

foar de 22 ste kear, it earste wykein nei Pinkster

op in kamping earne yn Fryslân of neiste omjouwing.

Begong mei in man as 30, 

ûnderwilens koimme der sa'n 70 oant 80  

fan âld oant jong

Wij sitte no yn Bantegea.

op kamping Bolderik en dat foldocht geweldich.

Gjin programma, mar gewoan dwaan wat je dwaan wolle.


Der is in nichtje fan 7

dy't op in skoalle sit yn Mantgum.

"Hoe hjit dy skoalle" freget har omke út Wommels

"De Gielguorde", seit se gelyk

"En wat betsjut dat wurd", freget dy omke troch

"Dat wit ik net', seit se 

"Miskien wit jim mem it wol" tipt dy Wommelser har.

Mem wit it net, beppe en pake ek net.

Oare omkes  en muoikes en neven en nichten,

alle 70 moatte se it antwurd skuldich bliuwe.

"In bist,  in fûgel ? 

Wij hawwe der suver wille om

wylst it net bêst is dizze ûnkunde

Ik fertel wat it betsjut en jou oan 

dat der yn Fryslân earder noch twa skoallen dy namme hiene.

In dei letter is dy Wommelser yn oar selskip

en kin hij  it net litte om ek dêr de fraach te stellen.

Gelearde gesichten, djippe tearen mar

helaas, gjin goed andert.


Ik tink dat se it net wer ferjitte

De Gielguorde is in plak yn it hea

wêr't boeren harren apels rypje lieten.

In symboalyske betsjutting foar de skoalle dus



Geen opmerkingen: