vrijdag 26 mei 2017

Iselmar om

Woansdei 24 maaie
in moaie dei tochten wij
om de Iselmar om te fytsen

Lofts om om rjochts om
dat wie de tiisdeis de fraach
want dy ferfelende Ofslútdyk
dy wol je foar de wyn ha

Wij keazen foar "mei de klok mei"
dus earst 37 kilometer nei Starum

en om 10,10 op it boatsje nei Enkhuzen
in ûnferdelige reis
want mei in stik as 20 minsken op de boat
en mar trije fytsen hiene wij it noch nea
sa rêstich meimakke









en de wyn?
dy wie noard- noardwest
en dat betsjutte op de Ofslútdyk 
sydwyn - yn de wyn
mar omdat wij efter de dyk fytsten
foel it wat ta

thús 138 kilometer op de teller
en noch aardich fit

Geen opmerkingen: