zaterdag 27 mei 2017

Parkbop Yn Boalsert

It is hast al in tradisje
op Himmelfeartsdei
nei Parkbop yn Boalsert;
in leechdrompelich muzykfeest
yn it park yn Boalsert

it festival groeit,
wêr't de earste jierren
de neistlizzende supermerken
leech rôve waarden
mei treetsjes bier
is blik en glês no ferbean

en fan in hamburgertinte
nei meardere iterskreamkes
fan ien podium
nei twa twa podia
en dit jier in heech rock gehalte
wat mij persoanlik wol oanstie...

in prachtige sfear
mei aardige minsken,
(jaseker, mei aardige eks kollega's)
in festival
foar jong en âld 
ûnder ideale waarsomstannichheden




Bad Mood sette in lekker stevige set del

Pakesizzer Roan fermakke him prima bij de muzyk, mar gie út syn dak yn de draaimolen

The Sunny Road Show, soarge foar wat rêst, hearlike relekste muzyk

Respekt foar de bands op poadium 2. Fol yn de sinne moasten sy rocke 

Geen opmerkingen: