zaterdag 20 mei 2017

in jûntsje Asteriks

Ik gean net foar de foto's nei in konsert
mar meitsje der meast wol ien fan elke band
dy't ik sjoch

de kwaliteit hâldt  meast net oer
fanwege de bysûndere ljochten 
dy't nedich skine te wêzen
om it allegear noch better del te setten

Freedetejûn wie ik yn Poadium Asteriks
yn de Blokhúspoarte
yn Ljouwert

5 euro
trije bands
striemin ljocht


In dramatyske foto fan de Kat
mar in geweldich moai optreden
en dêr gean ik der foar hinne

Krekt as op it Greidhoekfestival yn 2016
sette de band in prachtige set del:
Hast folsein ynstrumentaal
mar sa meislepend



Ut Liverpool Cubical,
gewoan in rjocht út, rjocht oan band
mei in hearlike sound troch de liedende saksofoan;
wat langer it duorre
wat mear it swingde


De beide earste bands hiene wat mear tiid nommen
as de bedoeling wie
en dêr wie neat mis mei

dat betsjutte wol dat Automatic Sam
hurd, hurd ynstalleare moast
en mei fol lûd te let begong

sa let dat wij der mar in pear nûmers fan heare koene
fanwege de bus
wat wij hearden wie hurd, oh sa hurd


Geen opmerkingen: