vrijdag 3 februari 2012

Trekfeart

Foar de twadde kear wie der in lêzing yn museum it Tsiispakhús yn Wommels. Ek no wie it wer grôtfol en dat die de foarsitter fan de organisearjende  klup sichtber goed.
Sprekkers wiene op dizze 2 febrewaris Meindert Seffinga, direkteur fan Scheepvaartmuseum yn Snits en berne yn Easterlittens en Dirk Zijlstra (neffens mij neamden wij him earder Durk), earder molkfarder en molkrider.
Nijsgjirrich ferhaal oer it ûntstean fan de ferskate trekfearten yn Fryslân en seker at it giet om de Boalsertertrekfeart, wêr't de measte tahearders wol wat mei hawwe of hiene.
Moaie printsjes en moaie ferhalen. Mei út de seal goeie oanfullingen sa as it ferhaal fan de pealtsjes mei nûmmers dy't hjir en dêr wer opdûke, foaral troch de ynset fan Piter Kamstra fan Wommels.
Seffinga hie him goed tarieden om ek wat reklame te meitsjen foar syn museum troch meardere printsjes sjen te litten fan foto's en ark wat yn it museum leit en ferbûn is mei Wommels.

It skoft waard fuld mei in filmke oer it wettergeraas bij de Lemmer doe't it gemaal dêr earder dit jier syn wurk dwaan moast.

Nei it skoft wie Durk Zijlstra oan bar. Dizze Wommelser dy't oan ien fan de inkele strjitten yn Wommels wennet mei in namme dy't ferbûn is mei de feart (Rolpeal) helle herinneringen boppe oan de hân fan kaartsjes en foto's fan de molkfeart nei it súvelfabryk yn Wommels.
Syn heit die dat en ek hij hat dat jierren dien foarat er op molkauto kaam.
Foaral de (âld-)Wommelsers kamen goed ta harren gerak want de herenneringen kamen út de teannen wei en it oh, ja kaam der betiden hiel spontaan út.
Ek bij mij kamen de herinneringen werom fan de tiid dat wij as jonges fan in jier as 10 oant 12 of sa mei Dirk Zijlstra of Rein (Kievit) Strikwerda meimochten om de molke op de heljen bij de boeren.
Want myn jongste berne jierren lizze op de Hofkmap mar myn jongesjieeren lizze foaral yn de arbeiderswente bij de fabryk.
Op de foto hjirûnder (komt fan Wommels.nl) liket it of leit de boat bij ús foar hûs. It hie kind, mar ik bin der hast wolwis fan dat dy boat fan in skjirresliper of âldizerkeapman wie, dy't  sa no en dan lâns kaam yn de doarpen dy't mei de boat te berikken wiene. Ien fan de Sulverfloat tink?


Geen opmerkingen: