Ik ûndergean it. Net mei tsjinsin.
Ik kom de tiid wol troch mei wat ienfâldige kluskes, wat boeken, in boadskipke, itensiede, al wer lêze, wat ynternette, rin wat muzykagenda's troch, romje hjir en dêr wat op en twitterje net mear as oars.
Ik meitsje de fyts wer sâltfrij, ferskinje it kafiahok in kear ekstra, helje it grien fan de stoepe, set de túnstuollen al bûten en sykje al fêst op wat ik it wykein yn Parys yn april besjen wol. En foaral wat net.
Besjoch alfêst lange fytsroutes foar ús simmerfakânsje en pas in pear oerkes op Jelske.
Dan sjoch ik fol ferwûndering hieltyd wer nei dy hearlike toet fan ús earste lytsbern.
Hast 2 moanne jong no. Sa moai.
En dan meitsje ik mar wer in foto.
.........Sa helpt Jelske mij de foarjiersfakansje no noch troch te kommen.......
letter sil dat miskien wol in natoer of in oar dochmuseum wurde
Geen opmerkingen:
Een reactie posten