Hast oan de ein fan jannewaris tocht ik ynienen: he, Borst haw ik al in skoft net lêzen. Soe it al sa fier wêze dat troch myn argewaasje ik dy bledside gewoan net sjoch? Of hat hij him wat oanlutsen fan al dy ynstjoerde stikken (yn it AD) oer syn minne kollums?
Hat hij miskien ein desimber syn lêste soere praatsje opskreaun?
En krekt doe't ik mij sels wiismakke dat it gelokkich foarbij is, steane se der ynienen wer yn. Mar leafst in heale side pruttelprottelpraat. Jeetje noch oan ta. Moat ik dan echt drige it AD op te sizzen om it AD te twingen dêr in lekkere grutte adfertinsje del te setten. Makket neat foar wat. At it mar net foar "kippeborst" is.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten