dinsdag 2 augustus 2011

Reesfytsers

Sneintemoarn meitsje ik meast in lyts rûntsje op de lisfyts. Lekker ûntspannen mei wat muzyk op de mp3 en wat om mij hinne sjen. En wat prakkesearje oer fan alles en noch wat.
Hjir en dêr in tsjinlizzer. Ik groetsje fatsoenlik mei "Hoi" mar hear neat werom. At se mij wol sjoggemei sa'n grut sinneskerm foar de eagen, is noch mar de fraach.
Se fytse of binne se ûntsnapt út it peloton. Se dogge of hawwe se al 83 kilometer allinne riden en dat se krekt fia it earke heard hawwe dat de foarsprong wat lytser wurdt.
Se fiele it peloton yn de nekke en tinke dat de tourdireksje elk momint lâns komme kin om te fertellen dat se útropt binne ta meast striidfeardige hurdfytser en dat it giel wachtet. Se sjogge de einstreep mar net ferskinen en it doek fan de lêste kilometer hawwe se ek al mist. Se sjogge mij net, wylst ik harren tsjinkom. Of sjogge se oer mij hinne. Dat kin kin hast soe ik sizze want se hingje foaroer op it stjoer.
Se binne klaaid yn in Panasonic sjurtsje út de jierren 90 of in Kwantum sjurtsje út de jierren 80 of in Raleigh sjurtsje út de jierren 70.
Se bite op de tosken, se geane troch in hel, se helje der alles út, se litte karakter sjen en se hâlde harren sels foar de gek.
Se fytse gewoan in rûntsje fan fan sa'n 70 kilometer en thús witte se net wat se no sjoen hawwe ûnderweis.

Geen opmerkingen: