woensdag 16 maart 2011

Roubân

Ik haw in hekel oan sûpe mar noch mear oan roubannen. En foaral oan roubannen om de earm fan fuotballers. It is in godswûnder dat der noch wedstriden spile wurde wêrbij fuotballers gjin bân om de earm hawwe. Want der is altiten wol immen oan te wizen binnen of sels fier bûten de klup wêrfoar roud wurde kin mei in bân om.
Is it net foar in earder bestjoerslid, dan is it wol foar in supporter, in efternicht fan de foarsitter, wat lângenoaten fan in reservespiler of de Dutske herder fan de doelman.
It is binnen de rigeltsjes net mooglik dat in inkele spiler in roubân om hat. It is dus allegear of net ien. En krekt dat stiet mij tsjin. Wêrom soe ik in roubân drage at de hûn fan de doelman dea giet. Ik haw neat mei hûnen. Wêrom soe ik in roubân drage omdat bij in freeslike ramp lângenoaten dea rekke binne fan in ploechgenoat dy't ik net iens ferstean kin.
It moat út wêze mei dat sabeare rouen yn groepsferbân.
Rouje mei, in roubân drage mei ek, mar dan ynjûn troch it eigen gefoel.
Ik haw gjin roubân, wol in âlde swarte oanfierdersbân.
Miskien dat ik dy moarn omdoch. Under de jas. Want ik hoech net sjen te litten dat ik te dwaan ha mei de dea fan Eeuwe Reidsma, in man dy't ik net kind ha, mar dy't midden yn it libben (hij wie twa moanne âlder as mij) op syn fyts dea riden wurdt troch twa dronken idioaten.
En dat Trinus Riemersma ferstoarn is, falt mij ek swier. Syn boeken mar foaral syn kollums joegen mij altiten ynspiraasje. Syn lêste kollum yn de LC fan ferline haw ik hjir foar mij lizzen. Ik hie him al útknipt, rekke troch syn wurden. Want syn moaie oersetting fan "House of the rising sun" yn it Frysk einige mei de slotwurden dy't yn myn kop hingjen bleaunen:

"Ik soe wolle, in freon soe dit sjonge bij de gitaar. Wij sitte beide yn de nederklits en faaks kin muzyk en sang ús der boppe-út tille. Salang 't de kreativiteit streamt, is der hoop."

Ik hie oer dy lêste sinnen net in goed gefoel en spitigernôch is dat útkommen.
Ik sjoch út nei it momint dat der in sjonger is dy't syn lêste liet "Huzing bij 't lemieren" sjongt ta earbetoan oan de grutte Trinus Riemersma.

Geen opmerkingen: