vrijdag 11 maart 2011

Gehakbollen

 


Ik haw de wille hân om lang te fuotbaljen. Troch dat fuotbaljen haw ik ek kunde krigen oan in oantal gehakbolspesjalisten. Want nei twa kear trije kertier wrotte en wrame yn it fjild waard nei it earste bierke in gehakbol besteld en dat koe dan nei de safolste oerwinning it absolute hichtepunt wurde mar it koe like goed útrinne op in tryst djiptepunt. Ik haw sels nea de top helle as gehakbolpriuwer (en ek net as fuotballer), want ús priuwers en fuotballers wiene fan heech nivo. Yn meardere kantines lieten sij yn wurd en gebeart elkenien witte at it in fet-, in beskút-, in losse flodder-, in kleffe-, in smaakleaze- of in super bal wie.
De mannen wiene net foar ien bal te fangen en soms wie in twadde nedich om de honger te ferslaan en om de smaak better te pakken te krijen. Mar it barde ek dat der mear mostert frege waard en dat wie net in goed teken. In goeie of in minne klup (lês kantine) hong sterk gear mei de smaak fan de gehakbol. En net allinne de smaak waard yn de beoardieling meinommen ek de foarm en de grutte levere punten op.
De bêste bollen lykwols binne te krijen yn de kantine fan SDS. Alteast neffens dizze mannen. Miskien dat se dêrom ek wol lid binne fan SDS. Harm Bergsma fan Easterein is der sa'n freedtemoarn mei beset om de bollen foar sneon klear te meitsjen. 100 stiks jout hij oan. En hij sjocht se mei wille sneontemiddei ferdwinen yn de hongerige magen. Mei in bytsje mostert.

 


 
Posted by Picasa



 

Geen opmerkingen: