vrijdag 12 september 2008

Supertreffer

It is tongersdeitejûn hiel let, let ik mar sizze it is freedtemoarn hiel betiid, dat de Treffer redaksje de kantine fan SDS binnenstapt. Sûnder mij. Like let as mei mij, hawwe se de gearkomst beeindige.
Ik haw foar it earst bartsjinst en Willem, Sjoerd, Gerard, Dirk Yde en Atty krije dan ek echt de lêste want it is tiid. Willem nimt it wurd en wit te melden dat de Treffer út is. (dat sil tiid wurde,it is mids septimber, flitst der troch mij hinne) . "In hiel bysûndere Treffer", seit Willem ( klopt, tink ik, sûnder mij makke) "en hij is foar dij, want it is de Aant Treffer".
Hielendal ferbjustere nim ik in prachtich boekje oan en blêderje it fluch troch.
Ik sjoch allegear nammen stean fan minsken dy't yn it komplot sieten: Jellie, ús bern (Hildau, Tsjeard en Anne-Marije), Douwe, goede-âlde Bolke,Freddie, Meinte, Klaas, Sibe en de redaksje. Wat in begjin fan de freed.
Ek noch mei 6 Murphys en in lekkere woarst yn de tas fyts ik mei Willem wer nei Wommels. Thús nim ik dy Treffer efkes troch en gean teloarsteld op bêd en fal foar twaen net yn sliep.
De oare moarn bin ik myn teloarstelling noch net kwyt:
"Hoe is it dochs mooglik dat se sa'n moaie Treffer meitsje kinne, sûnder mij. Sûnder mij!!!!
Mar nei trije bakken kofje en in slach om Kûbaard op de lisfyts, wêr't myn beste tinzen altyd boppekomme, slacht myn teloarstelling om yn bliidskip.
Geweldich dat de Treffer yn dizze foarm hast 10 jier bestiet en dat er altyd wer oare talinten binne dy't ek meiwurkje wolle oan it moaiste, it leukste en it meast Frysktalige fuotbalklupblâd fan Fryslân fan de moaiste klup yn de omkriten fan Wommels en fierderop.
Mannen en frouen dy't meiwurke hawwe oan dizze Treffer. Tige tank. It is wat mij betreft de moaiste Treffer ea....(en it bliuwt freeslik dat soks bûten mij om gien is) mei in prachtich twadde plak de Treffer wêr't Freddie it oer hie: de jubileumtreffer fan 2000. Doe mochten ek wij lekker fantaseare....
In moaie Treffer meitsje is miskien wol in keunst, mar it is noch wichtiger dat in redaksje de romte krijt om dat te dwaan sa't sij it wolle. En dy romte moat der altyd bliuwe want dan komt it beste yn de minsken boppe.
Je moatte altyd hoeden wêze om nammen te neamen, dochs wol ik net om de namme fan Willem hinne. Troch de webside hawwe wij wol in hiel soad mei elkoar opwurke. Wat mij betreft op in geweldige wize: beide altyd fol ideen en romte foarelkoar en beide mei it selde doel: in moaie Treffer en in leuke webside meitsje. Dat hâldt gelokkich net hielendal op. Want ik bin noch lang net útskreaun en do ek net hopenlik.
Ik mei myn stikje graach ôfslúte mei muzyk. Dêrom foar Willem in muzykje: in Skotse groep mei in nûmer dat passy útstrield sa't Skotten dat kinne as de besten. Passy foar de dingen dy't je as frijwilliger dwaan meie foar in klup. Geniet rom 8 minuten fan Runrig en in hiel grut koar,

Geen opmerkingen: