vrijdag 27 maart 2015

Feyenoord



Dat publyk yn de Kuip,
wat in merakel
wat in feest
wat in klup

salang se mar neat goaie

donderdag 26 maart 2015

Frysk boerenkwartet


Yn de goeie âlde tiid kwartetten wij thús wolris,
mei it Frysk Boerenkwartet.
Prachtich byld út de jierren 50-60

dinsdag 24 maart 2015

De wet fan Wright



Ik fyn him al grappich

maandag 23 maart 2015

Ziggo


Klanttefredenheidsûndersiken
dêr hawwe je oates en toates mei te krijen.
in fraachje oan Nuon?
in fragenlijst is it resultaat.
iets neisjen bij it ABP
in fragenlist om it "produkt te ferbetterjen"

in fraachje oan Ziggo?
twa dagen letter boppesteande fraach krije.

Oh ja, ik haw zekerheid en opluchting ynfuld.

ik wie nammentlik tefreden

zaterdag 21 maart 2015

Roan




Roan, ús twadde pake en beppesizzer
Al wer trije wike jong.

donderdag 19 maart 2015

Yndie

Ien foto haw ik makke
juster yn Tresoar
fan Douwe Draaisma
professor yn de psychology

Ien foto is genôch
om herinneringen oan de jûn
wer te belibjen.

Wat in unike jûn dêr yn Ljouwert
in lêzing fan Hylke Speerstra 
oer syn boek "op klompen troch de Dessa"
en mei in taljochting oer de psyche fan Draaisma

wêrom fertelden de Yndiegongers neat?
wêrom fertelle se wol wat no't se hast 80 of soms 90 binne?
wat betsjutte it foar in húshâlding mei in heit /man as Yndiegonger?

Fragen,
allegear fragen
"twadde generaasje" lju
lykas mij
de seal siet er fol mei
mei hjir en dêr de Yndiegongers
mei harren medaljes op
of speltsjes
mei emoasjes
djippe emoasjes

ademleas harke nei de oertinking fan Speerstra
en foaral ek nei de útlis fan Draaisma

Sokke jûnen mear......


Yn it boek fan Speerstra giet it ek oer Walzing Mathilde.








woensdag 18 maart 2015

Molewâl


Op snútboek bij Wommels troch de tiid hinne stiet dizze prachtige foto,
wêr't ik goeie herinneringen oan ha.
It is net it hús wêr't ik berne bin, mar fan 5 oant 12 jier wenne ha.
Bij de molkfabryk yn Wommels, oan de Boalsertfeart
en oan de râne fan it doarp doe.


Dizze foto is nommen fanôf it Staperthout en sa te sjen
wiene se doe al dwaande mei de útwreiding fan it fabryk
en wennen wij dêr al net mear

Goh, wat binne je in soad kwyt
mar komme de herinneringen omheech bij in foto

Raar is ek dat de fabryk der al lang wer wei is
en der no allegear wer húzen en appartementen stean


maandag 16 maart 2015

Autorutenskrabje


Gek wurdt ik er fan
dy waarberjochten fan Pyt P.
altyd mar wer
...en dat wurdt autorutenskrabje

ik wol it waar witte fan him
dat is syn berop miende ik
ik hoech net trije kear yn ien berjocht te hearen
wat oare minsken miskien dwaan moatte

dy witte sels wol dat at it friest
der in grutte kâns is dat de auto ruten ticht sitte mei oanslach
dat se miskien better earst de autoruten skrabje kinne
om wat te sjen

mar om hjoed oan te kundigjen dat it oare moarn wer autorutenskrabje is...
bah

krekt sa at hij simmers altyd ropt dat it barbekjoe waar is
wêr bemuoit dy man him mei

dus beste Pyt
alles goed en wol
ik skrabje nea de autoruten
en barbekjoen is ek net myn hobby
dus sis gewoan

wannear at it reint
en hoefolle graden it is

dan bepaal ik sels wol at ik
it reinpak of de wanten oandoch

ek dat hoechst net foar te sizzen



zondag 15 maart 2015

Fernuverje op Muzuder

Fernuverje dat dit ik juster yn Reduzum
oer it leuke festivaltsje
Muzuder Rock
foar de 5de kear al wer
mar myn earste kear dêr

in festivaltsje yn de kroech
en neist de kroech yn de tinte

fjouwer bands
the Homesick fan Dokkum noard
earder sjoen yn Asteriks
jonkjes noch, mar hearlike gitaarmuzyk
in prachtich begjin
foar de muzykleafhawwer

doe nei de tinte
in ekt
 "onepersonoRammsteincoverband"
dêr is net folle foar nedich
in Rammstein pak
in hoed mei ljochtjes en wat fjoer
in gitaar
en noch in gitaar
in lêsbril
en in mikrofoan

gitaarspylje kinne?
hoesa?
teksten kinne?
hoesa?
in mikrofoan der bij?
hoesa?

In fermaaklike akt mar sûnder ienich muzikaal hichtepunt
of it moat wêze "See me, feel me"
nee net fan Rammstein mar fan the Who
want dat hearde hielendal nearne nei

NNB op it grutte poadium
no ja grut, foar harren te lyts
mei in moaie Ierske muzykbesetting kamen sij romte te koart
neidat it lúd wat bijsteld waard nei in stik as wat nûmers
waard it better en der waard sels dûnse
ek de  bandleden sochten de dûnsflier  ek op
foar de sfear en de romte
NNB, gewoan in gesellige en leuke band


op nei de tinte
wer in ekt
in raaskoarke
ferrassend grappich en leuk

doe kaam  it Dockumer Lokaeltsje
jierren 80 band
noch nea sjeon
prachtich optreden
apart, frjemd,
oertsjûging
hearlik al dy koarte nûmers
in tip op Aaipop...

fjirde groep wie in koverband SBC
pleatslike helden
klonk net ferkeard mar
bedoeld foar al dy lju dy't der wiene foar in praatsje en in bierke
en dat wiene der aardich wat
se kamen allegear nei foaren
om der noch in gesellige jûn fan te meitsjen

donderdag 12 maart 2015

In rûntsje Grou





Woansdeitemoarn moasten wij om 9.30 yn Grou wêze. 
om 8.30 op de fyts
dus in rûntsje Grou


 Baard,  wêrom is dat net Burd yn it Frysk

 Littens, bij de kamping


Littens.....de piip

Littens, de opkreaze wâlkanten

dinsdag 10 maart 2015

In heale munt oerhâlde


In hiele munt fan 10 eurosint
en in heale munt fan Romein
mei in wearde fan 1 euro 20 of sa

in heale munt oerhâlde,
en dan ek noch sa'n ferrekt lyts heal muntsje

hoe kinne je no in munt oerhâlde
 at it bier ien of twa munten is

de jas
de kapstokken
wêr't it foarhinne in euro wie
is it no in heale munt
hoe betinke je it

dat is omrekkene foar in jas dus 2 euro 40
want dy heale munt rekket fuort
of ûnderyn it bakje
mei oerbleaune munten







zondag 8 maart 2015

Surch om



Lit ús mar sizze dat it sneintemiddei de earste foarjiersdei wie. Mei in sinne dy't der wêze mocht , mar ek in wyn dy't net lyts bijspile. 
De earste motors kamen út de garaazje, de reesfytsen fan souder en wij makken ek wer in rûntsje sa't wij dat de hiele winter troch dien hawwe




Seedyk ........Surch

In byldbepalend bouwurk foar de Bank fan Zurich

Wat in genot...lisfytsen. It fielt sa't men seit dat je ûnder de wyn troch gean, hoewol dat net sa is.

Troch Surch op nei de Kop en fia Koarnwert op nei hûs


zaterdag 7 maart 2015

Optocht mei tema



Prachtich moai
dizze foto's
op snútboek setten troch Durk Hogendorp
âld Wommelser no fan Frjentsjer

de optocht yn Wommels
mei hokker tema soe dat west ha
en wannear wie dat krekt
ein jierren 60,  begjin jierren 70?

En wat is der fan kommen?
fan dy stelling en fan dy fraach.


Op de iene wein stiet:
De lytse man  giet op de flesse......
dat stiet er net as fraach mar as feit.

Is dat ek útkommen?
wie dit it persoanlike tema fan de famylje Hogendorp?
want heit wie ommers piteroaljeboer en koekeferkeaper?
lytse selsstannige dus.

Tal fan lytse mannen hawwe it net rêden
lytse boerkes, lytse winkeltsjes, lytse ambachten se binne ferdwûn
mar der binne wol hiel wat lytse mannen foar werom kommen
lytse mannen mei buskes
ZZP-ers.......


Op de oare wein stiet:
Sil der ea wol lykwicht komme?

Dêr is maklik in antwurd op te jaan
Nee, der is gjin lykwicht kommen 
en dat sil ek nea komme



donderdag 5 maart 2015

Indie



Indië verloren Rampspoed geboren, Studium Generale 2015, III


Voor de meeste soldaten die in Indië vochten was de afloop van de strijd een treurige teleurstelling. Uitgewuifd als strijders voor een goede zaak, en bij de terugkeer nauwelijks opgemerkt, laat staan erkend voor hun inzet. Hylke Speertra legde de verhalen van enkelen vast in het boek Op Klompen troch de Dessa. Met Douwe Draaisma zal hij vertellen over hun belevenissen en over de lange nasleep die deze periode voor hen en hun gezinnen had.


Nijsgjirrich tema.
Heit Jan wie der ek
sûnder der letter wat oer te sizzen

ik bin wol wat op syk
nei it hoe
nei it werom
nei it ferhaal

Hylke Speerstra (skriuwer en ferhalenferteller) en Douwe Draaisma (deskundige op it gebiet fan geheugen) sille op 18 maart in lêzing hâlde oer dit ûnderwerp.
Yn Tresoar yn Ljouwert
Ik haw mij opjûn....



woensdag 4 maart 2015

Scumbash 2015



28 febrewaris 2015
Scumbash
Rotterdam
"One day of pure Goddamn rock & Roll"
en dat wie it ek!

Fan middeis goed ien oere oant nachts ien oere
18 bands
fan punk oant rock& roll
fan garaazjerock oant rockabilly
4000 besikers
mei allegear harren eigen identiteit
te sjen
oan it hier
oan it burd
oan de klean
oan de tattoos
oan de skuon

wat in sfear
wat in muzyk
wat in feest
wat in dei

sjoch hjir foar wat foto's

sjoch hjir foar in resinsje en hjir




maandag 2 maart 2015

Kening fan de greide



Wij kinne de skriezen wer folge.
Underweis nei ús omkriten
skriezen mei gps sinderkes.

grappich
ien fan de skriezen hjit Wommels

Wylst skries Amalia al yn Frankryk is
bliuwt Wommels wat efter

dy sit noch yn Guinea-Bissau.
jim kinne se folge
sjoch op de kaart
zoom yn en sykje ús favorite skries Wommels


Sjoch op dizze kaart

donderdag 26 februari 2015

Werom sjen en foarút tinke


Okkerlêsten in stik skreaun oer it fytsen dat yn de LC stie.

Ek de wepside fan de Fryske Fytserbûn pleatste it berjocht en pleatste boppesteande foto der bij.

Moaie herinnering oan ús fytstocht nei Ingelân wêr't dochter Anne-Marije doe wurke.

Yn in wike hinne en werom nei in plakje yn de buert fan Londen.

Moai foarútsjoch ek wer, no't de maaitiid en de simmer der wer oankomme.



woensdag 25 februari 2015

24 febrewaris

24 febrewaris 1978
der lei wat iis
yn de fearten
ûnbetrouber
jûns wie it mistich,
wat sis ik
it siet potticht
de brulloftsgasten hiene muoite,
grutte muoite
om Piaam te finen
Nynkepleats
ús troufeestlokaasje

24 febrewaris 2015
nij libben
dochter Hildau befalt
in soan
wat in feest
in pake- en beppesizzer der by

24 febrewaris
de troudei ferjitte?
nee, no net mear
maklik te ûnthâlden
de dei dat Roan berne is

PS: de sokken binne fan de Fryske flagge
en hawwe gjin inkele ferwizing
nei in fuotbalklup

maandag 23 februari 2015

Tsjûkemar om

Moandei 23 febrewaris
in stevige wyn mar droech,
it sintsje der bij,
fytswaar dus
Healwei Top en Twel  en de Jouwer de auto delsetten

It fytspaad lâns de Skarsterrien

Grappich: in pipi wein mei de namme
krûpelhintsje  (lieveheersbeestje)


it thús front mocht fia de Whatsapp
wer riede wêr't wij wiene



Yn Skarsterbrêge rekke Jellie noch efkes oan de praat
mei de bwenner fan it hús wêr't se jieeren wenne ha.
"Rounom wyn "stiet der doe ek al op en dat wie no ek noch sa

De dyk tusken TopenTwel en de Jouwer wie offisjeel ticht
 fanwege in omhakken fan wol in hiel soad grutte beammen

In moaie 45 kilometer....

Wat foto's

Soms sjogge je leuke dingen yn boekjes, op ynternet  of meitsje ik sels in foto. 

In keunstwurk fan fûgels....




breawinning foar in boer en duorsume enersjy

sykje it mantsje.....

sa simpel en dan sa'n grappich in keunstwurkje....

zondag 22 februari 2015

Romein


Dêr wiene se wer
Physical Grafitti 
dy geweldige tributeband fan Led Zeppelin
yn de moaiste seal fan Fryslân sa't se sels seine
en wêr't ik it folsein mei ien bin

Ik seach se no foar de tredde kear
en it  wie wer better

Wat in  moaie jûn 
yn Romein
mei allegear genietsjende minsken
âld foaral mar ek jong
mei helaas wol wer in hânfal irritante praters
dy't noch altyd net witte dat
"Gij zult luisteren"
it earste gebod is

Njoggen oere gie it los
en om tsien oer alven begongen se oan de tajefte
sûnder skoft twa oeren spile
dy tajefte haw ik mist
Arriva fynt dat 23.21 in moaie tiid is
om de bus rjochting Wommels te stjoeren

Mar ek sûnder tajefte
in tige slagge jûn.


vrijdag 20 februari 2015

In logo en in pompeblêd



It liket sa aardich
in Fryske flagge
mei it Feyenoord logo

it pompeblêd
en it logo
sitte beide yn myn hert

treurich wurd ik
at dizze flagge foarop in krante sjoch
yn Italie
mei as kop
"Nederlandse beesten"

ik skamje my
foar dizze lju dy't
Feyenoord en Fryslân
yn in kwea deiljocht set hawwe

oppakke sokke lju
en dêr mar in moai skoft hâlde....



dinsdag 17 februari 2015

In streekderby

Kommende sneon

SDS 1 moat tsjin Nijland 1
in streekderby
krekt as SDS-sc Bolsward
krekt as SDS- Mulier
krekt as SDS- Scharnegoutum
(wannear soe dat wer ris plak fine, Marco?)
mar
SDS - Nijland
dat is krekt efkes mear as in streekderby,
hoe dat kin?
it is mij net dúdlik

meastentiids is der wol wat gedoch
wat stikjes, wat grapkes
fan te foaren
de wedstriid falt meast tsjin
net ferlieze is faak it doel
der wiene jierren
dat SDS wat mear wûn of wat heger fuotballe
de lêste jierren is Nijland wat better
wûn ek fertsjinne yn Easterein

Dy derby
wêr't wij wer nei út sjogge
dy is sneon
yn Nijlân
wij hoopje op in iepen wedstriid
mei in soad doelpunten
mei in soad publyk
en at de beste mar winne mei
en fansels hoop ik dat dat SDS is

Wol spitich dat de skriuwer fan Nijland it op foar hân al oars sjocht
hij skriuwt it ûndersteande yn it ferslach fan Bant 1- Nijland 1






zondag 15 februari 2015

Cambuur-Heerenveen

Wol wat sneu hjoed
foar al dy Heerenveen fans
gong it sa lekker de lêste wiken
mei leuk fuotbal goeie resultaten helje

en dan moatte je tsjin Cambuur
ja Cambuur
yn Ljouwert
wêr't it de lêste wiken net sa goed mei giet

Yn 8 minuten hat Cambuur se ferslein
8 minuten
in rekôr tiid.
de oare 83 minuten hawwe se it lekker spannend holden

Jûn de plakboeken  mar efkes troch
sykje om myn earste Cambuur- Heerenveen


1970
27 septimber
sc Cambuur - Heerenveen
skiedsrjochter Beck
einstân 0-1
Cambuur mei Nasman, Derksen, Lippold, Spindelaar, Weering Vlietstra, Zuidema, de Jonge, Alma, Eijer en de Groot



op dy selde bledside yn it boek
stiet in foto
fan Jan Boezeroen
sil dy selde jûns wol yn Jirnsum west ha
in goed plak om dy nederlaach
te "fieren"






vrijdag 13 februari 2015

Bij dat brêchje

Wol tûzen kear bin ik der lâns fytst
hûnderten kearen oer hinne fyts
lêsten bleau ik der efkes op stean
om wat foto's  te meitsjen 
fan in heal beferzen feart

en doe tocht ik: 
hjir wie it
op dit plak 
yn 1961


.



woensdag 11 februari 2015

Makkum

It is snein
in frisse noas helje
moarns op de lisfyts
rûntsje Tsjom Slachtedyk Lollum
mei in hurde noardenwyn

Middeis nei Makkum
rinne nei de Holle Poarte

de rêst yn it Iselmar
de rêst op it wetter
de rêst op en bij it strân

de lekker honger
de kibbeling

bij Hoek's 

it wie bêst genôch

de ferbazing
at je oer it yndustry terrein rinne
alles hat te krijen mei boaten

Oeral boaten ...wat in kapitaal leit dêr
weelde nim ik dat

PS : ik ha neat mei boaten