donderdag 13 maart 2025

Sybren de Vlasdei

 Stichting Wommels hat in potsje jild 

wêr't se goeie dingen mei dwaan kinne foar Wommels.

Sybren de Vlas hat it doarp dit jild neilitten.

Meastal organisearret in oar wat en stypjet de stichting dat finansjeel.

Tongersdei 13-3-2025 organisearren sij sels in dei.

Moarns foar de jeugd in prachtich programma

mei drone fleane, mei natoer nijs, mei nestkasten meitsjen

mei padel op de tennisbaan en mei fuotbal yn de pannakoai.

Tryater wie yn it Dielshûs mei in foarstelling wat ek tige slagge is.

Ik wie mei Han frijwilliger bij it fuotbal 

en der kamen sa'n 150 bern lâns 

om in kertier te fuotbaljen.

Hearlik om te sjen nei talinten en it ferskil yn belibbing.

Wat in moaie moarn oant 14.00 oere ta.

Middeis wie der feest foar de âlderen 

dy't meast oan de Sybren de Vlasstrjitte wenje

Wat in optocht mei skootmobyls, rollators en oar ridend materieel

fan NIj Stapert nei it Dielshûs ta.

Wat in oandacht foar Lisette Bruinsma, olympysk paraswimkampioen 

foar har ynspirearjende wurden.

Bijsûnder hoe't sij krekt dit publyk in pracht motivaasjeferhaal foartovere.

Mei humor, mei oertsjûging en earlik

Dêrnei gie it publyk hielendal los.

De hantsjes gongen omheech en der waard omraak meisongen en mei klapt.

Wij hawwe genoaten fan dy âldtsjes.

De Freulesjongers hiene in tankber publyk.

It wie in prachtige dei


Geen opmerkingen: