donderdag 20 maart 2025

Op Brinta fytse

 Ik begjin frijwol alle dagen mei in lyts rûntsje op de fyts

Om de lege holle, noch leger te meitsjen oan it begjin fan de dei

Dan begjin ik de dei krêftich

Dat seit it pak Brinta.

Der stiet in fytser op dy't yn de wyn hat.

Sûnder ûndersteuning fansels.


Nei de Brinta in bakje en dan der op út.

Op de fyts mei ûndersteuning fansels

Woansdei in rûntsje om it Fean hinne (55 km wêrfan 38 nij)

en tongersdei in rûntsje om Dokkum hinne (60 kilometer wêrfan 55 nij)

93 nije kilometers skoare; dik tefreden

Moai waar en moaie doarpen


Yn Dokkum bij de fontein



Mei wat fantasij sjogge jim fêst in fontein


In moai oantinken oan de eardere gemeente Ferwerderadiel


Ie, dat is it flaaksdoarp fan earder.

Ek bij Broeksterwâld oandachtsbuorden bij de molen

Hoi, rôp ik werom.......

mar neffens Jellie en de tekst wie it oars bedoeld

dizze bole stiet bij Oranjewâld

Moaie strjitanmmen fyts ik net samar foarbij



Op in berch piipskoft hâlde bij Aldskoat



Geen opmerkingen: