zaterdag 13 april 2024

Phil

Motorhead dat wie Lemmy, seine in soad lju.

Foar mij net, 

Motorhead binne de gitaren

of better sein de gitaar fan Phil Campbell.

De befestiging krige ik justerjûn yn it Bolwurk yn Snits

Hearlike gitaarmuzyk fan Phil en ien fan syn soannen

De oare soan spile bas en noch in soan sloech op de trommels

In sjonger, dy't fan bûten de famylje komt

Geweldich dat sa'n band yn Snits stiet te spyljen.

In moaie seal fol Motorhead fans

dy't foar in goeie sfear soargen.

It wurd dat ik it faakst heard haw?

Motherfucker.....

Hast yn alle sinnen wurde wij útskolden as motherfûcker

en de punkband yn it foarprogramma 

de Lucifer Star Machine koe der ek wat fan.

Gjin foto, gjin filmke makke

mar in optreden fan koartlyn yn Essen




Geen opmerkingen: