dinsdag 2 april 2024

Aaipop

Aaipop stoppet is it berjocht foarôf.

It hie kinnen mar it is gelokkich net sa.

It soe ek te gek foar wurden wêze

dat dit fantastyske festival ferdwynt.

Ik wie der wer bij , dizze edysje fan 2024

en it wie in geweldige dei.

Prima (stevige) bands mei genôch fariaasje.


Der wiene 13 optredens

mar troch de dûbele programmearing

koe ik der 9 sjen.

Fol gas mei Folgas 

Marcel Smit op in mini podium

NNB mei gastoptreden fan Piter Wilkens

Jitizer, wat in enersjy

in lekkere sound fan Sjoerd ensa

Farsk , altyd  gesellich

It strakke begjin fan de metal fan Drôvig

Pakesizzers Samme en Nyck pikten de metal ek efkes mei

It is goed om ek de earste artyst te sjen: Melissa Pander mei band 


Hjir hie ek noch in foto fan Hûnekop stean kinnen.

Dat wie de lêste band yn in grôtfolle, hite en rikkerige seal.

Dat fûn ik nei trije nûmers wol prima

Tradisjoniel fytsten wij der hinne 

en fytsten wij ek werom.

Op nei 2025


Geen opmerkingen: