Der giet neat boppe muzyk
en ik bin dan ek bliid dat de agenda fan it Bolwerk yn Snits
oanjout dat der rock op it programma stiet.
Wa't er komme makket mij net folle út,
It wurd rock is genôch om de fyts fan stâl te heljen
De gewoane fyts wol te ferstean want wyn is der net.
Sa kom ik goed njoggen oere oan yn Snits.
(ûnderweis help ik in ferdwaalde jongfeint út Tsjerkwert
it paad nei de keet yn Turns te finen)
Myn fyts kin bij de oare 15 fytsen stean
It is net drok, dat sjoch ik gelyk oan de fytsen en de jassen.
Dy lêsten dy hingje der hast net.
It konsert is fergees, der binne twa bands
ik soe 't net witte wêr't it folk bliuwt.
Mei wat gelok tel ik in man as fjirtich
en ik sjoch in protte frijwilligers fan it poppoadium
Mei in steantafel en in kruk efteryn,
mei sa no en dan in alkoholfrij drankje
fermeitsje ik mij prima
bij in kertierke Snakeoil Sun en oardel oere Anquest.
Anquest mei twa Hingsten yn de basis.
Lekkere hardrock dus.
In genot foar myn earen.
Werom oer de Kliuw fytst
mei de helm op, de wanten oan
haw ik it net kâld.
Ik bin waarm wurden fan de muzyk
en dat gefoel bin ik 13 kilometer fierderop noch net kwyt.
In prima jûn
Geen opmerkingen:
Een reactie posten