vrijdag 9 augustus 2019

Sweins




Yn myn Freulelêzing tiisdeitejûn,
joech ik wat ôf op Sweins.
Sij, mei Sake Saakstra as grutste kwelgeast,
wiene te faak ús tsjinstanners op de jongespartijen
yn 1970.
Dat neatige Sweins dat wûn altyd tsjin dat grutte Wommels.
Nea wûn ik fan in Sweinser, it sit mij noch dwers.

Yn 1971 keatste it neatige Wommels
Mei Tsjipke, Hessel en ik
tsjin it grutte Amsterdam.
Wommels wint.

Sicco Jellema,
in Wommelser, ôfkomstich út Sweins
komt op de Freuledei op mij ôf.

Ik fiel al oankommen 
dat hij it oer Sweins ha sil.

"Jim hawwe Amsterdam ferslein yn 1971,
haw ik dij sizzen heard.
Dan haw ik goed nijs foar dij:
Twa fan dy jonges (Smit) , kamen fan Sweins
mar wiene krekt dêrfoar ferhuze nei de haadstêd".

Myn sin wurdt gelyk noch better:
Dat ik der yn 2019 efter kom
dat ik dochs twa Sweiners ferslein ha mei keatsen
yn 1971
Want wês earlik in Sweinser wurdt nea in Amsterdammer
dat bliuwt altyd in Sweinser

Waauw.......
Dankjewol Sicco.

1 opmerking:

Sake Saakstra zei

Middei Aant,
Yn 1971 dan wol net tsjin Sweins, foar mij wol in moaie Freule: de twadde priis. Stiens wûn mei in sekere Piet Jetze Faber as de
greate man fan it partoer. Sicco hat foar Sweins trouwens de twadde en de tredde priis op de Freule wûn mei Durk Fokkema as
de man fan it partoer. Harren tredde maat wie beide kearen Renze Hiemstra, just ja, de heit fan PC winner Renze Pieter Hiemstra.