maandag 21 november 2016

Iets opsizze

Iets opsizze,
dat falt noch net ta,
hear ik faak om mij hinne

It begjint al  mei de fraach
"wêr kin ik fine
hoe't je dat dwaan moatte"

Ik hie it fûn op harren webside:
in blêd opsizze,
4 jier hân, altyd op tiid betelle
mar minder ynteresse as earder...

ik skreau in brief
want dat waard oanjûn,
belje mocht ek, mar
om foar te kommen dat se mei
allegear argumenten komme
en dat it net goed oerkomt
like in âlderwetske brief mij better.

"bla..bla... in verband met verminderde interesse
zeg ik het op per 1 januari 2017"

twa dagen letter
giet de tillefoan....
in belmiep fan de útjouwer:

"de brief aan de directeur voorgelegd
.....zo lang al klant
.....altijd op tijd betaald
ik mag u een aanbod doen"

"Als u lid blijft krijgt u
net als nieuwe klanten een
tablet, of een koffiezetapparaat of  een handstofzuiger"
en se neamde noch in oantal apparaten op...

Moai oanbod miskien,
mar dêrmei wurdt de ynhâld fan  it blêd net oars,
"dat moat mar net" liet ik har witte
wizend op it argumint "ferminderde ynteresse"

"Jammer", sei se
en dat kaam út de grûn
fan har kommersjele hert




Geen opmerkingen: