vrijdag 2 september 2016

Goeiemoarn


Tongersdeitemoarn betiid,
ûnderweis nei Snits
nei it wurk
op de lisfyts
Altiid wer oars,
mar iets is it selde.....

dat is.....
"the man with the dog"
dêr earne yn de fierte,
dêr rint hij
alle moarnen betiid
ik tink al 17 jier lang,
sa lang ik nei Snits fyts
lit hij syn hûn út

en 17 jier lang 
hâldt hij syn hûn strak oan de line
at er in fytser oankomt....
...at ik der oan kom.
17 jier lang
4 dagen yn de wike
sizze wij elkoar "goeiemoarn"


Tongersdei haw ik efkes mei him praten,
dat like mij goed
foardat hij aansens ûngerêst wurdt
at ik net mear lâns kom
ûngerêst sa't ik dat ek wie
doe't hij in jierke lyn der moarns net mear wie....

wikenlang, moannenlang wie hij der net,
ik seach him net mear
"the man with or without the dog"

doe't ik syn buorfrou seach,
haw ik mar efkes frege:
"wat is der mei buorman,
ik sjocht him nea "

"mei buorman is neat,
de hûn is dea.........
it loopke is net mear nedich"

gelokkich hat er wer in nije hûn......
en sizze wij mekoar wer goeiemoarn.

foar it lêst sa'n bytsje
want ein oktober stop ik en no....
......krekt no


wurdt de brêge opknapt
en kin ik der net mear lâns...


noch ien kear en miskien wol foar de lêste kear
nei it wurk ta fia Reahús en Turns
want 1 novimber stop ik....

ik sil it fytsen moarns misse.........

Geen opmerkingen: