woensdag 14 september 2016

Fytse yn de Bildthoeke

Fytse yn de Bildthoeke
wie net echt populêr.
neffens mij.

it waait dêr
it waait dêr altyd
it waait dêr altyd hurd.....

en al hoe rom it dêr ek is,
mei de Waddensee op de eftergrûn,
al hoe moai it ek is
om op of lâns dy seedyk te fytsen,
en al hoe bysûnder dy AldeBildtdyk ek is,
mei syn ferskaat oan húzen;
en al hoe gesellich dy doarpkes ek binne,
fytse dat dogge je dêr net
want
it waait dêr altyd hurd........

Snein waaide it net hurd,
dus wij nei it Bildt.
in rûntsje fytse.

wij hawwe in prachtige middei.
en wij net allinne,
it is dêr in drokte fan belang,
mei fytsers
en foaral E fytsers

At er ien gebiet yn Fryslân
profitearret fan de opkomst fan E-bikes
dan is dat de Bildthoeke

want wat is der moaier
om noflik yn standsje 2 of 3
in hurde wyn te trotsearen yn it Bildt
en in stel út de Greidhoeke
op gewoane fytsen
foarbij te fleanen







Geen opmerkingen: