zondag 13 december 2015

Fragen oer it fertriet


Twa wiken bin ik no dwaande
mei it boek Tonio fan A.F. Th. van der Heyden.

it giet net hurd
om de haadstikken troch te kommen;
it is mear as gewoan in boek lêze
it is in boek ûndergean.

hoe yndringend de dea wêze kin
is  hast net te beskriuwen,
mar Van der Heijden docht it yn dit boek,
omdat hij skriuwer is
en omdat it oer syn soan giet
21 jier wie dy,
doe't er op de fyts ferûngelokke
yn Amsterdam nei in jûntsje Paradiso....

it fertriet wat de skriuwer en syn frou ûndergean
is hast ûndraaglik....

fannemoarn wer in 20 siden lêzen,
en dan moat ik der efkes út
út it boek
en út é hús
dus op de fyts,
de romte sjen
en it libben fiele

ik fyts dizze sneintemoran
rjochting Iens
en kom bij it grêf lâns
fan myn âlders,

myn âlders, Jan en Hiltsje
dy't ek in bern ferlearen,
Meindert
5 jier âld
ferdronken yn de freeslike Boalserterfeart
wêr't ik no graach lâns fytse mei......

ik wie doe 6....

en wylst ik Iens útfyts
rjochting Hinnaard
freegje ik mij ôf:
hoe gongen myn âlders om mei dat fertriet ?
fielden sij it ek as fale,
sa as van der Heijde dat foaral fielt

binne sij der ea boppe-op kommen?
hawwe sij treast fûn bij de tsjerke
en bij it leauwen?

of fûnen se de treast bij ús,
de trije jonges dy't er noch wiene
of  bij de nije Meindert
dy't letter noch berne waard?

of hat it stilswijen harren goed dien?

Fytsend oer Skrok
haw ik gjin antwurden
allinne mar mear fragen....








2 opmerkingen:

Unknown zei

Moai Aant.

Fier it libben, de dea duorret al lang genoch soe Bob wol sizze.

Unknown zei

Moai Aant.

Fier it libben, de dea duorret al lang genoch soe Bob wol sizze.