zondag 30 augustus 2015

Katsje

In wyt katsje,
samar ynienen wie se der
in spontane aksje
fan Jellie

In jong katsje
mei wâldenbloed en -karakter
sa te sjen



fol enersjy ek
om yn gerdinen te hingjen
oer banken en stuollen te fleanen
en plakjes te sykjen yn beammen

oan sommige dingen moat sij noch wat wenne:
oan ús oare kat dy't net fan boartsjen hâldt
oan swannen, dy't hij mei grutte ferbazing en respekt oerfleanen heard.
oan de hichte fan de beammen en dat klimmen makliker is as werom klauterje


En wij?
wij sille wenne moatte oan syn skutkleur

en dus net samar op in wyt kjessen delploffe........










Geen opmerkingen: