zondag 9 augustus 2015

Into the Grave


Ien foto haw ik nommen,
juster op it plein bij de Aldehou
bij it metalfeest Into the Grave.

Ien foto om mij der oan te herinnerjen
dat ik in stikje skriuwe wol
en dat ik dat stikje ek opfleurje kin mei in eigen foto.

Ien foto, haw ik mar
en dat is in ferdomd bytsje,
ik bin dan ek gjin fotograaf
want foar in fotograaf is dit neffens mij it fotoparadys

wat in portretten rinne dêr rûn:
stoere binken
swarte wiven
yn lear
yn koarte broeken
mei kettingen en noasringen
mei kistjes en lipringen
mei lange hierren
en lange burden
en mei in ferskaat oan prachtige teasjurts,
wêr't je gelyk oan sjen kinne,
wêr't se west ha
wannear dat wie
en wêr't se fen fan binne.

Myn griisblauesjurt paste net al hielendal
mar de tekst wol
"The Who....my generation"
om oan te jaan
dat de measten fan myn generaasje oer it algemien
net safolle hawwe mei metal.

Fanôf 15.00 oere dit folksfermaak meimakke
en it wie wer moai.
it wie myn fjirde kear dêr en
ik mei soks wol lije en krij der enerzjy fan.....

Into the Grave 2015
dizze kear haw ik sjoen:
Avatar (leuk)
Ensiferum (Finske folkmetal,dat mocht ik wol lije)
Obituary (de lûdsknoppen gongen flink omheech en efteryn wie it ek hiel goed te hearen)
Cannibal Corpse (goeie muzyk mar ientoaniger kin de sang hast net wêze)
Sepultura (de toppers fan de jûn, wat in enerzje, wat in fariaasje)
Sabaton (in prachtige ôfsluter mei bombastysk geweld en in protte fjoerwurk)

Om tsien oer alven
moai foar de drokte
in loopke nei it stasjon
en mei de bus werom.

it wie in moaie dei.....
sjoch de trailer (hjirûnder) noch mar in kear,
dy jout in prachtich byld hoe't it wurde soe en hoe't ek wie......



Tip foar de organisaasje:
Dit oantal liket mij echt it maksimum, en pisbakken oan beide kanten fan it plein, dat skeelt in hiele soad hinne en wer gerin.......

Geen opmerkingen: