vrijdag 1 augustus 2014

Taeke op de PC

Woansdei wie de PC.
It waard de dei fan Taeke Triemstra.
Ik haw djip respekt foar de keatser dy't blessearre is.
de keatser dy't sa graach keatse wol
de keatser dy't der safolle foar dwaan en safolle foar litte wol.

Taeke moast tidens de dei belies jaan.
Foar de heale finale stie hij syn plakje ôf oan Jacob.
Syn eigen beslissing dy't hij naam yn de twadde omrin tidens de partij.
Hij seach syn maten Daniel en Gert-Ane.
Syn maten dy't der ek safolle foar dogge.
Hij skeakele syn eigen belang út.
Trochgean levere miskien wol gjin goud op.

Taeke fertelde it tongersdeitejûn yn PC kafee,
op de wize sa't Taeke is.
sympatyk
earlik
ynteger
en mei ynholden emoasjes

Syn trije keatsmaten hearden it oan
en lieten ek sa dúdlik merkbite dat se grut respekt hawwe foar wat Taeke dien hat.
him sels opofferje foar harren.

Wat in grut sportman
wat fertsjinnet dit hanneljen in respekt
myn  Fryske sportman fan 2014
Taeke Triemstra
ek al is it noch mar augustus.

Wembley sjongt mei mij:


.



Geen opmerkingen: