donderdag 14 augustus 2014

Fiskje

"Meneer, meneer, wij hebben een grote vis gevangen, wilt u ons helpen"
Suver een needgjalp fan twa jonkjes.
Sij steane te fiskjen op it bregje oer de fiver
"Wat is der oan de hân", wylst ik it taferiel oansjoch.
Der swimme allegear fan dy lytse kikkerfiskjes yn de amer
Ien fisk leit er in twa meter bij wei.
In hiele grutte sizze de mantsjes.
Hij hat amper it formaat fan in hiel lyts lekkerbekje.
"Asjeblyf menear, wolle jo ús helpe".
Se gean al oer yn it Frysk
It wurdt serieus.

Ik moat er net oan tinke
om dy fisk beet te pakken.
Ik haw net foar neat myn fiskkarriere hiel gau ôfbrutsen
Wat bij it wetter sitte en nei de kurk sjen dat gie noch wol.
In fiskje fange dat slagge ek noch wol.
Mar dan....
De fisk der ôfhelje.
dat wie net myn hobby

"Ja, jonges, at jim fiskje moatte jim it sels dwaan"
"Nee, nee, dat doare wij net"
"Hoe sa net doarre, hij docht neat,
en boppedat jim fiskje en ik net."

"Set dy amer, mar flakbij de fisk, en dan ien kear beet pakke,
net benaud wêze en gau yn de amer smite"
is myn goeie rie.

Nee, nee, ropt de iene en hij draaft nei hûs om helptroepen te heljen.

It oare knaapke sjocht mij oan.
Ik moedigje him oan.
En dan aait er de fisk efkes
merkt dat er net folle libben ynsit en
hupsakee, hij pakt him beet en doicht him yn de amer.

Grutsk sjjocht er mij oan.
"Sjochst wol, it falt best mei.
Goed dien "

It fiskje besikje noch wat asem nei binnen te krijen,
foardat it libben der hielendal út is.

Hij hat te lang op it droege lein.




Geen opmerkingen: