vrijdag 17 januari 2014

Hofkesjonge


Ik wit net at der no noch hofkesongen wurdt,
ik tink it hast net,
hofkesjonge, dat wie in moaie bezichheid eartiids,
spannend,
en sûn, want it gie wol om fruit!
te hurde parren en te soere appels,
sûn ek fanwege it draven...it hurde draven

Wommels yn de jierren 60,
moaie hofkesjong adreskes.
Yn dûmny syn tún oan de Terp,
in grut ferskaat oan fruit,
spannend dêr oer dy muorre hinne op it Aldhiem,
jatte en op tiid werom,
mei fansels it risiko fan de hel,
want it wie úteinlik wol bij dûmny.
Bij Klijnstra yn it Bosk mei syn prommebeamkes,
mei noch in grutter risiko,
it gefaar fan de sel,
Klijnstra wie úteinlik wol de plysje.
Op de Hofkamp, meardere adreskes....
yn it hôf oan de van Sminialeane ......

Op ien plak mei in hiel soad beammen kamen wij net,
dat wie it hôf oan de grutte feart,
it hôf fan Willem Postma.
Dêr doarst ik net te kommen.
Dat wie allinne foar echte weachhalzen
De hel en de sel wiene neat at je it fergelykje
mei de driging om yn dy  grutte hannen te fallen fan Postma,
Postma dy't net ien kear warskôge,
Postma dêr hiene je as bern respekt foar.

Op alle plakken yn Wommels haw ik wol west,
as bern, as jongfeint of as âldere,
mar yn it hôf fan Postma wie ik nea,
dat bleau ferbean
ek doe't hij ferstoar bleau it "it hôf fan Postma"
it hôf fertuteaze wat romte joech oan de fûgels

De ferhalen wiene der al in skofke
in oare eigner, feroaringen
wat soe der barre?

Wat hie it moai west at ik dêr dochs noch in kear sjoen hie
gewoan omstappe op it ferbeane, stikje grûn fan Wommels.
tusken de tsjokke beammen,
mei it tichte strewelleguod
mei it heal ynsakke hok
mei in "Postma" dy't miskien wol fanút syn himmelstoel der altyd noch driigjend op tasjocht

It kin net mear,
it is opromme
keal
spitich foar dy fûgels, mar dy fine wol wer in oar plakje, dy hawwe der faak genôch west.
spitich foar mij, in Hofstra dy't nea hofkesong yn dit hôf en der sels ek nea west hat en dy kâns ek net wer krijt.








Geen opmerkingen: