zaterdag 11 januari 2014

Kroechkwis



Mei it grutte gefaar beskuldige te wurden fan minne ferliezers (Lolke, Willem, Ype, Durk, Popko en Aant) moat ik dochs mar wat skriuwe oer de tige gesellige jûn yn Noflik Easterein bij de Fryske kroechkwis.
Fan te foaren hie in anonime Eastereinder yn in briefke bij de Afûk oanjûn wêrom it oan de protters raasde dat it no krekt dêr holden waard (gjin kroech en in eigner dy't net Frysk praat). Wij waarden lykwols wolkom hjitten bij de doar troch eigner Ab mei de dochs tige fryske wurden "goeiejûn allegear" en de (grutte) seal like echt op in hiele gesellige kroech. Al mei al azeme it de goeie sfear út om der wat fan te meitsjen. De muzyk fan Baba live die gelyk in flinke oanslach op de earren mar dêr hâlde wij wol fan.
Fan te foaren hie ik fansels heech fan de toer blaasd (dy fan Easterein is fan de 11de ieu witte wij no)  mei útdaagjende teksten op twitter nei de Aaipopkes en de Grodzemodzers út Wommels. Bij de útslach koe ik dan ek fêststelle dat it tige goed holpen hat. Troch de útdaagjende en prikkeljende teksten binne sij boppe harren sels útstegen en einigen beide ploegen op in tige fertsjinstlik tredde plakje.
Dankje wol Aaipoppers en Grodzemodzers ik haw dat graach dien.
Sels sille wij einige wêze op in plakje tusken de 4 en 23. Wij rekkenje der op dat ek de net winnende ploegen te witten komme op hokker plak se einige binne. Dat it frouljusteam út de 4 doarpen (Itens, Rien, Hinnaard en Lytsewierrum) as twadde einige is ús ek bekend.
"Wêrom binne jim dan net earste wurden? dy fraach stelle jim no fansels.
Wij kamen te koart sa't it skynt en wisten foaral te folle ûnnoazele fragen net en in oantal hiene wij graach nei de tiid oer diskusearje wollen.
Foaral de kategory muzykfragen wie net wat wij der fan ferwachte hiene.
In fraach as "yn hokker auto dy Twa ride " hat neat mei muzyk te krijen.
Ik frees foar de folgjende edysje mei fragen as "hoe hjit it hynder fan Gryt Wiersma" , "wennet Hendrik Hasjies noch yn Houtigehage" en "hoe heech binne de Cliffs fan Moher"
Mar hawar, ús diktee wie ek midsmjittich.
It kin oan de leeftyd, oan de foarlêzer, oan it tiidstip, oan de kennis of oan it bier lein hawwe. Of in kombinaasje fan dy fiif. Wa sil it sizze.
It komt yn dizze digitale tiid selden mear foar dat ik sokke lange sinnen opskriuwe moat dus hie ik mear it gefoel dat ik meidie oan de Fryske kampioenskippen hurd Frysk skriuwe.
Dat in groepke Fryske skriuwers nei Easterein ta kaam wiene om mei te dwaan fertsjinnet alle lof.
Dat sij ek mei de priis nei hûs giene is oan de iene kant net ferrassend oan de oare kant wol. Want fragen as wa is de foarsitter fan de folkstúnferiening fan Easterein binne fragen fan in tige lokaal nivo.
It wie dus in tige slagge jûn, want at der neat te protteljen is, dan hie it wis neat west.
En nei de tiid wie der muzyk en tiid foar in bierke..........en wij hawwe noflik sitten yn dizze kroech.



Geen opmerkingen: