zondag 6 oktober 2013

De wike fan de opfieding

It is alle dagen wol in dei fan en it is alle wiken wol in wike fan.
Op twitter sjoch ik dat it no de wike fan de opfieding is.
De profielen op twitter wurde hjir en dêr oanpast mei jeugdfoto's en sa kom ik telâne op de CD-rom mei ús jeugdfoto's.
In moai momint om in pear sjen te litten...

Dit sil yn de buert fan de Hofkamp yn Wommels west ha. Dêr wennen wij op nû 47. It is dúdlik dat ik net in lachebek wie en ek net wurden bin......ha...haha..

Op dizze foto dy't nommen is foar it hûs wêr't no Eelke en Fokje Malda wenje hingje ik mei âldere broer Hessel yn de earmen fan ús heit Jan.

Ik haw in freeslik hânskrift, hoe't dat kin, ik wit it net. Wij ha twa katten op dit stuit.


Dizze foto is nommen oan de Molewâl wêr't wij yn 1960 nei ta ferfearen. Ik wie mei dizze fyts hiel bliid sa te sjen en ik bin no mei al myn (lis)fytsen ek noch hiel wiis.


Ik gean net in lang ferhaal hâlden oer myn opfieding. Bern opfiede wie doe, wie letter en is ek no noch  in drege klus. Der wie doe noch gjin wike fan de opfieding miskien hat dat it wol west dat ik soms wol tink fan....sommige dingen hiene oars kinnen.
Mar och, dat sizze ús bern fêst oers ús opfiedingskwaliteiten.
It hat sa west en it wie net ferkeard.
Miskien is trooch de opfieding myn profyl úteinlik wol ta stân kaam. En dan hat it seker goed west. Sa't it hjir ûnder stiet sa wol ik my fiele en sa wol ik wêze. En dat slagget goed.

Ik wol wêze wa't ik bin
myn woartels hoedzje dêr't ik kin
myn wjukken útslaan nei eigen sin
it libben boartsje sa't ik bin





Geen opmerkingen: