woensdag 16 oktober 2013

40 jier 't Diekje



Yn de Boalserter Krante fan hjoed stiet de boppesteande adfertinsje. Dy adfertinsje ropt herinneringen op bij mij. Krekt wat earder as 1973 gyngen wij faak út yn Boalsert. Op sneontejûn holpen wij  Bram yn it Park oan in goed ynkommen. Dêr treden meast bands op lykas : Earth & Fire, BZN, the Cats en Dizzy Man's Band.
Om goed 12 oere wie it dan meast dien (de ljochten oan je waarden der gelyk útfage) en nei de fette hap op de Bargefenne besochten wij noch binnen te kommen bij de Hof van Holland.  Dat is no de Prins.
Efter de bar stie doe Ruurd. In noflike, belangstellende barkeeper. 
Ek op sneintejûn siet der regelmjittich in busritsje nei Boalsert yn, want de kontakten dy't je sneons soms opdiene, moasten de sneins gelyk ûnderholden wurde. Oan de bar yn it Hoffie......
De adfertinsje jout oan dat it yn 1973 dien wie mei Ruurd efter de bar yn it Hoffie. Hij gie nei wat doe de kofjebar Sik wie en naam syn nije kafêe it 't Diekje.
Ik haw ek faak yn it Diekje sitten. Dat wie it kafé wêr't se goeie muzyk draaiden (de leafde foar blues komt dêrwei?) en wêr't Ruurd efter de bar stie. Yn de rin fan de tiden wurdt it kroechrinnen allegear wat minder mar soe ik yn Boalsert noch efkes stappe wolle dan sil ik wol yn it Diekje bedarje
Dat Ruurd dêr noch altiten de man is, is fansels prachtich. 40 jier lang.

Doe't ik der noch ris oer nei tocht fannejûn, seach ik in foto foar mij, mei Ruurd der op. Myn alder earste plakboek (1968 en wat jierren dêrnei) derbij socht en yndie. Ruurd wurke noch yn it Hoffie, dus sil it foar 1973 west ha en hij wie in topper yn it bierskinken. Dat hat wierskynlik grutte yndruk op mei makke want safolle haw ik net bewarre fan dy jierren. Op de foto lofts in noch jonge Stevens.





Geen opmerkingen: