It is tiisdei 14 augustus. Us twadde dei. Wij wolle hjoed nei Wijk bij Duurstede.
Wol troch Amsterdam , mar net troch Utert. Dat hat syn reden. Amsterdam is in geweldige fytsstêd, miskien dat Utert dat ek nochris wurdt.
De Amstel en de Vecht binne ús paadwizers
en sa sitte wij tiisdeitemoarn bij it moarnsiten mei farske bôle, in aaike fan eigen hin en oan de eigen makke sjem fan reade- of swarte beien. Fansels fyn ik it de swiete kant it neist .....

Poes "sjocht ta" at wij ite. Poes sjocht der goed út
It begjint al wer moai waar te wurden at wij troch in moaie doarpke Durgerdam fytse
Al gau fytse wij troch Amsterdam, wêr't mear frijlizzende fytspaden en routes binne as yn Snits.
En at it net frijlizzend is, dan dogge se der gewoan in pear kontainers om hinne
Yn Amsterdam de Amstel fine is net dreech en dan is it in makkie om de stêd op moaie wize te ferlitten |
Nei de Amstel sette wij ús tocht troch lâns de Vecht. Gelokkich binne hjir wat beamkes want it is al wer smoarhyt |
Bij it djoere Breukelen ferbaze wij ús oer de grutte kastielen
Krekt foarbij Wijk bij Duurstede is ús útfanhuzersadres foar ien nacht. In pleatse wêr't de boer noch wat buorket en de boerinne in boeregolfbaan yn behear hat
In kreaze keamer mei eigen brûs en húske en frij útsicht oan de Lekdyk ta
en frij útsicht oan de Lekdyk ta
Geen opmerkingen:
Een reactie posten