Dat is it sitaat dat efter op it boek Cel fan Charles den Tex stiet.
Dêrmei is wat mij oangiet neat te folle sein. Selden haw ik safolle spanning field as yn dit boek. In boek dat giet oer in stellen identiteit.
Wat kin der allegear net barre at je je sels net mear wêze kinne omdat in oar je stellen hat. Wat fan gefaren sitte der yn dy digitale wrâld.
It is om der bang fan te wurden.
Meislepend, nijsgjirrich, eangstoanjaaiend en trochtocht sa soe ik it betitelje wolle.
It boek út en earst mar yn de tún. Bijkomme en dan Rrboelje op. Magysk teater: it nûmer Trije
Trije
Hjir stean we mei ús trijen yn de dkeamer fan de oergeuns,
we staorje nei de rún en we sjogge ús sels.
We swaaie mei ús earms en we skoppe mei &uacte;s fuotten,
mar we komme der net út wa't wa no is.
Doch it ljocht dan út sa hear ik jim dan sizzen,
mar as ik harkje nei jim dan hear ik mysels,
en as ik praat tsjin jim dan hear ik dy,
en we komme der net út wa't wa no is.
Wa bin ik fan ús trijen, wa bist do fan ús trijen
wa bin ik, wa bist do en wa bin wy.
Krekt is ien fan ús fuortgien,
de keamer is no oars,
en as ik dyn hân fêsthâld dan fiel ik dy net mear.
En omdat dat nûmer net te finen is op film it beste nûmer fan Reboelje "Sielesiik" fan de selde CD Magysk Teater.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten