maandag 18 juli 2011

Gepruts



It is al wer in hoartsje lyn dat Ziggo syn trouwe klanten oanskreaun mei it geweldige oanbod om in "Interactieve HD recorder" oan te skaffen. Normaal kost sa'n ding boppe de 400 euro en no wie der noch gjin 200 euro. Hûndertennjoggenennjoggentich wol te ferstean.
Sa'n ding is neat oars as in hypermoderne fideorekorder. It is mei de digitale tv allinne wat makliker allegear werom te finen at je wat opnommen hawwe.
Wij hawwe al digitale tv dus in digitale ûntfanger siert ús keamer al op.
It like mij in goed plan om sa'n ding oan te skaffen want alles wat ik graach sjen wol (muzyk) is meast midden yn de nacht of krekt wat earder om bêdtiid hinne.
En omdat ik myn jierdei hast fiere sil, koe ik dit jier ek ris in kadowinsk ynleverje.
It ding moai op tiid besteld en ik seach der nei út.
Doe't de doaze mei it apparaat ferline wike binnen kaam wie myn goeie sin efkes goed oer. Hearemetiet wat in spul: 4 boekjes, skroeven, bakjes, snoeren, fersterkers, splitsers, kabels en gelokkich ek noch in apparaat.
As de dea sjoch ik der tsjin op om mij dêr mei dwaande te hâlden. Ik wie yn de ferûnderstelling dat ik it âlde apparaat los koppelje koe en dizze der foar yn it plak sette koe: stekker der út stekker der yn.
Nei trije dagen útstel moast ik der sneintemiddei mei oan de slach. In tafel fol rotsoai en ik fielde mij al hiel gau hannelingsferlegen. Dat wurd hear ik binne it ûnderwiis hieltyd mear en ik wit no hoe't dat fielt.
"Wêr bin ik oan begûn", sjit der troch myn kop hinne.
"Hoefolle tinke jim dat ik oerhâld", freegje ik myn húsgenoaten.
Ik begjin mei net folle goeie moed en it swit brekt mij al gau oan alle kanten út. Ik sit mij in breuk efter de bank en begjin nei in oere omprutsen al flink te seuren, te skellen en noch slimmer.
"At ik dit witten hie, hie ik sa'n rotding net besteld".
Mear as twa oeren letter, wylst de rêch mij dwers foar de bealch sit, krij ik wat byld en wat gelûd. Mear as de helt fan it spul hâld ik oer. Kreas dien, hear ik mar myn sin is bedoarn.

Op de fraach fan de bern wat ik op myn jierdei ha wol, hie ik better sizze kind: neat, at jim dit allegear op de goeie wize yn elkoar sette sadat ik dêrnei wer surfe kin, wer belje kin en tillevyzje sjen kin, dan haw ik it moaist kado fan de wrâld.

Geen opmerkingen: