vrijdag 22 april 2011

Warstiens

Op myn AlleFryskeDoarpenFytsTocht2011 (#afdft) hjoed in flinke haal dien. En fansels binne der hichtepunten.
It earste hichtepunt is dochs wol it feit dat ik no twa kear yn myn libben yn Warstiens west ha. Warstiens, sille jim sizze, dêr bin ik noch nea trochfytst of sels trochriden mei de auto!. Jim tinken komt oerien mei de wierheid, want Warstiens dêr fyts je net trochhinne, dêr geane je hinne en je geane werom.





In leaflik doarpke mei in bak, in boartersrek en in tsjerke.
Opmerkliker is lykwols de namme: dêryn binne 4 oare Fryske plaknammen te finen. Wit jim se? mail se nei aanthofstra@hotmail.nl.
Nei de Fonejachtbrêge, letterlik it hichtepunt mar figuerlik sjoen in djiptepunt, want klimme mei in lisfyts is as flokken yn de tsjerke.
Bij de oerstek nei Suwâld wurdt ús geduld op de proef steld. Hjoed faart de pont wer foar it earst en de sterke wyn en streaming dêr, soarget der foar dat it oanlizzen in oantal kearen prebearre wurdt sûnder sukses. Mei help fan minsken op de wâl slagge it.






Mar de wachttiid hellen wij likernôch wer gau yn omdat wij net lang hoechden te wachtsjen op it kreaze terras dêr oan it kanaal. En wêr krije je noch in bakje kofje foar ien euro?
Fia Burgum, Sumar, de Tike, Nijegea, de Pein en Aldegea (noch ien Aldegea te gean) op nei de Headammen.
Ek dêr faart de pont wer en foar in euro de man/frou koene wij wer efkes bekomme fan de waarmte. Want mei de wyn yn de rêch wie it hyt.



Gjin festival, gjin Normaal, dus rêstich yn de Feanhoop. Op nei Goaiengeahuzen (wat in rot wurd om te typen) komme wij út yn Nes. (no noch twa Nessen te gean)



De fisk yn Akkrum is seker net ferkeard mar it ferhaal fan de fiskfrou wol: "Ja, it bliuwt oant ein maaie, begjin juny droech en it wurdt boppe de 30 graden yn maaie en yn juny krije wij wiken needwaar. Ja, it bliuwt fansels in foarsizzing fan in waarman, mar........"
At sij dit ferhaal hjoed oan 100 klanten ferteld hat, is it moarn de wierheid.
Aldeskou, Abbenwier(jaja), Sijbrandabuorren, Skearnegoutum, Reahûs en Easterein wiene de doarpen wêr't ik dit jier al west hie.
105 kilometers hearlik lein, trape, sjoen, harke nei muzyk, kletst en switten.
En nei dizze 105 km kin ik wer 15 doarpen ôfstrepe. Noch sa'n 280 te gean.

Geen opmerkingen: