vrijdag 15 april 2011

Lyts mar moai

It like mij freed 15 april in moaie dei om wat lytse doarpen te besykjen yn it ramt fan allefryskedoarpenfytstocht 2011 (afdft). It biedwurd wie hjoed lyts en (hast) dea(rinnend).
Al nei 6 kilometer berik ik it dea rinnende doarpke Hidaard. De útbuorrens Hidaardersyl en de Kliuw hawwe mear tarin fan besikers want dy lizze oan de trochgeande dyk. Hidaard rint dea. Sels foar fytsers.



Hidaard leit yn Littenseradiel en dat is te sjen. Ien namme boerd bij it binnenkommen (en dat liket mij genôch) en oan de lofterkant sjogge je yn in inkele eachopslach wat Hidaard te bieden hat: In tsjerke, in boarterstún, in bushalte, in sportfjild en trije bankjes op de terp. En blommen as groet.



Fia de earder neamde útbuorrens en Nijlân, de Wolsumer ketting en Blauhús kom ik yn Greonterp. Foar auto's rint dat dea foar fytsers net. In moai doarp dêrom. Bekend fan van it Reve. De brêge wurdt opkreaze en at der de oare dagen krekt sa folle aktiviteit is as dizze dei, dan kin it noch jierren en jierren duorje foar it klear is.
De gemeente Súdwest Fryslân wol foaral sjen litte dat se net allinne foar Snits binne mar ek foar de doarpen. Oerdriuwe kin ek want om bij al "dy gatten" twa buorden del te setten is wat te folle fan it goeie. Je soene it ris misse kinne at je nei lofts sjogge at it rjochts stiet.




It doel is hjoed net om troch Greonterp te gean mar efkes in eintsje werom en dan op nei it binnenpaad rjochting Hieslum.
In moaie route hoewol de opgonkjes bij de brêgjes net al te handich binne foar in lisfyts. Werom op de dyk gean ik op nei Hieslum. Ek dat rint dea, hoewol je troch Hieslum hinne noch in hiel ein troch it lân ride kinne nei in kamping.



En dêr bij Hieslum leit sa't it skynt in fleanfjild. Foar modelfleantúchjes. Meast aktyf op senon of sneintemiddei tink ik want der wie neat te sjen.
Sa gean ik rjochting Parregea, hoewol ik dat lit letterlik en figuerlik lofts lizze lit. Letter marris hinne at de brêge troch twa wippers betsjinne wurdt en ien fan de twa tiid foar in praatsje hat.




Dus nei Dedzjum. Koartlyn noch meielkoar foar de Rijdende Rechter nei wat skeel om in hage, in wetterpiip en wetter ûnder de fleir. De rêst liket werom keard. Ek hjir wer twa fan dy grutte boerden (foar beide eagen ien). En no't ik dochs yn Dedzjum bin liket it mij goed efkes op it tsjerkhôf te sjen. Want de man wêr't ik nij neamd bin leit dêr op it tsjerkhôf.




Myn oerpake Aant Boerstra leit hjir bij syn Hiltjse Bosma. Ferstoarn yn 1936. Wol de noardkant. Gjin foaroansteande famylje dus.
En fia de útbuorren Arkum rolje ik Tsjerkwert binnen wêr't se noch altiten dwaande binne mei de dyk en wierskynlik in wedstriid dogge mei Nijlân om te sjen wêr't it it langste duorret.





En fia Boalsert, Hichtum en Burchwert werom nei Wommels.
Ik kin Hidaard, Greonterp, Hieslum en Dedzjum bijskriuwe . De rest hie ik al west.


Geen opmerkingen: