donderdag 23 september 2010

It sit der wer op

At je yn Winsum opgroeie dat kin it net oars as je hawwe wat mei it fierljeppen. At je Wommels hikke en tein binne, dan moatte je wol wat mei it keatsen ha.
Soene je sizze.
No’t it keatsen wer dien (hjoed de lêste partij) sjoch werom nei myn keatsseizoen. Ik haw gjin bal oanrekke en gjin want oanlutsen. Ik haw gjin keatse oanwêzen en gjin telegraaf betsjinne. Ik haw mooglik twa kear op it keatsfjild west yn Wommels mar sels dat is út myn selektive herinnering wei. Ik bin yn de Freule wike te fytsen west en ik ha it net mist. Ik bin myn plicht as lid om wat te dwaan foar de keatsferiening net neikommen. Wêrom bin ik feitlik lid? It liket wol of haw ik der hielendal neat mei, lyksas ik ek neat ha mei de tennisklup, Euphonia en it swimbad. En dochs bin ik noch lid. Net om de yntree fan de Freule út te sparjen sa die dit jier bliken, want doe wie ik der net.
Bûten Wommels haw ik wol in oantal kearen bij it keatsen west. Meast neidat ik in fytstochtje makke hie, stuts ik efkes oan bij it keatsen. In oantal kearen yn Boalsert en Frjentsjer, in inkele kear yn Tsjummearum, Itens, Snits en Easterein.
Wat mij fan 2010 bybliuwt en foaral tsjinstiet is dy antikeatsside fan de firma Braaksma, van Tuinen, Bosma en Lettinga. Alle lytse foarfallen wurde troch harren grut makke en yn it negative lutsen. It is boppedat foar de frustrearre keatser in middel om te rachen.
En de nije bûnscoach hat myn fertrouwen ek noch net. Dy betinkt wylde ideeën en fynt him foaral sels geweldich.
De kommende moannen noch yn elke stêd en elk doarp in huldiging want oeral hat wol ien in earste, in twadde en in tredde priis wûn en dat moat foaral noch in kear fierd wurde.
Keatsen , ik haw it wolris leuk fûn, mar dy tiid liket (foar goed?) foarby.

Geen opmerkingen: