vrijdag 9 april 2010

Trije tuten op aaipop

Aaipop is foar mij net allinne muzyk, mar foaral ek taal. De Fryske taal wol te ferstean. En mei dy taal begjint it at je fan te foaren it programmaboekje keapje en de tiid nimme om it te lêzen. Allinne dat is al in lust foar it each. Mei moaie Fryske wurden. Myn kollega’s gnize harren stikken at ik oanjou dat ik hieltyd ferfar fan de lûdskuorre nei de Hark&Huverseal. En wat de tinken fan de Teneftertinte, in wurd wat allinne yn Nijlân brûkt bestiet en dan ek noch mar allinne op peaskemoandei. Nim no sa’n wurd as slachreaufaam. Ja dat is sij fan Skraal dy’t op de trommels en bekens slacht. En Jitizer, de 5 mannen dy’t tongersnútte, bongelmeppe, triedepiele, baskepulkje en triederause.
En at ik programma peaskemoandeitemoarn noch in kear trochlês, dat slacht it entûsjasme, wêrmei’t de groepen harren presintearje oer op mij. Taal, wurden dat is sa moai, dêr kinne je minsken mei ôfstjitte mar ek mei bine. En de wurden dan de Doelleazen fan de Jarretankers, fan de Opskuorders, fan de deRoels en fan de Frysellicanen nim ik op de fyts nei Nijlân. Mei in goed sin en in tsjin de gewoante yn, in horloazje om de pols.
Want ik wol besykje alles te sjen. De iene wat langer, de oare wat koarter. Ik wol sjen en foaral heare at se de wurden wiermeitsje kinne en nim mij foar om in berop te dwaan op myn “net hingjenbliuwetalint”. Ja, ik sil op tiid wat moais ferlitte moatte om mij ferrasse te litten yn in oare seal.
Tusken 14 en goed 22 oere haw ik allinne mar ear en each foar de artysten op it poadium. Ik sykje myn plakjes fier bij de bar wei en gean myn sosjale kontakten út de wei. Ik sjoch, ik plan, ik harkje, it skriuw, ik hâld de kop der bij. 8 oeren op fuotten? Wat bin ik bliid mei de hark&huverseal. Net allinne foar de muzyk mar ek foar de stoel. Nei de bakken hearlike herje is it geweldich bykomme mei de wrâldske en yntimere muzyk. Ik haw sels noch mei songen mei de ko fan Sonnema.
De lûdskuorre dat wie myn favorite stekje. Net allinne troch Skraal, deRoels, Jarretank, Doelleazen, Frysellica en de Feetwarmers, mar gewoan, omdat it dêr sa lekker ljocht en iepen wie. It stonk der nei miich, it tochte as de sykte mar de sfear dêr die mij alles ferjitten.
Troch ús taal stiene de mannen fan Frysellica op it poadium. Wat oaren tribute band kinne, kinne wij ek, hearde ik Sipke de Boer sizzen. En omdat sij de muoite naam hawwe om efkes meielkoar wat Fryske teksten te meitsjen stiene sij op Aaipop. Neat mis mei. Seker net. It soe oaren oanfiterje moatte om no al nei te tinken oan it heechste doel wat in Fryske muzikant berikke kin. Spylje op Aaipop.
Om goed 22 oere at Piter Wilkens it folksliet begjint te sjongen, wêr’t ik iit pikefel net fan krij (mar wol fan de kjeld) stap ik wer op de fyts. Fit, de kop fol mei muzyk en de earen yn de sûs. En op de Skieppeleane rjochting de Kliuw tink ik oan dat aardige momint op it lêst fan de jûn. Doe rekke ik efkes út myn sosjale isolemint. Dy jonge en dat famke. Hij woe graach witte hoe’t je sa’n burd krije kinne en sij woe mei trije tuten útprebearje hoe’t in burd fan 1975 fielt. Ik koe beiden harren gerak jaan.
En omdat it oer de taal giet slút ik mar ôf mei de wurden fan in faam: in tútsje sûnder burd is in aai sûnder sâlt en se frijde mei rûge Wopke.

Geen opmerkingen: