zondag 4 april 2021

Achlum

 Achlum dêr ferbaas ik mij altyd.

Sa'n lyts doarp en se hawwe (hiene) alles dêr (hân).

Rykdom, omdat er in kleaster stien hat earder?

Twa tsjerken,

twa skoallen, 

in sûkelade fabryk, earder molkfabryk

in prachtich kafégebou

in rojaal keatsfjild

in eigen fuotbalfjil mei it karakteristike klaailkokaal

en earder oan it spoar

Sneontemoarn fytse ik der hinne

en ik seach wer nuttige ynformaasjebuorden stean.

Dus makke ik in pear foto's















zaterdag 3 april 2021

Hitzum

 Fytse, betiid op de moarn.

De wyn noard-noardwest dus rjochting Frjentsjer.

Mei dizze wyn en kjeld is earst yn de wyn  op it best.

Freed wie it Hitzum .

Myn oandacht waard lêsten al in kear lutsen

troch de nep spoarrails yn de dyk 

mei de derbij hearende ferkearsbuorden.

Hitzum lei oan 1`939 oan it spoar.

De stoomtram gie fan Frjentsjer nei Achlum

en fandêr út koene je nei Harns of Boalsert.

Moai dat bij it opkreazjen fan de dyk yn Hitzum 

dit stikje skiednis meinommen is.

De âld spoardyk nei Frjentsjer

is al langer yn gebrûk as fytspaad

Yn moai fytspaad yn de lijte


Oer de rûnwei hinne.....

De binnenkomst yn Hitzum

it spoar 

in ynformaasjeboerd, in prima saak



sa siet it mei de tram






vrijdag 2 april 2021

It boatsje

Oer it kontenerskip dat fêstlei yn it Suezkanaal is al in protte sein.

It skip is te lang, te breed  en te heech.

It giet myn foarstellingsfermogen hast te boppe 

at se it hawwe oer 400 meter lang en hast 60 meter breed

en mei 22000 konteners 40 meter heech.

Der is in alderaardichst programma op ynternet

wêrbij je it skip op in eigen keazen lokaasje dellizze kinne.

Dat haw ik efkes dien....yn Wommels



it sportfjild,
de tennisbaan,
it keatsfjild,
it gemeentehûs
de Keatsebaan
en de Suderhaven ferdwine ûnder it boatsje

de hichte sil fergelykber wêze mei de tsjerketoer

It is bisar....

donderdag 1 april 2021

De jierren 50 - diel 2


It ferfolch fan de jierren 50.

De printsjes komme út dit boekje

Skriuwe op skoalle mei East Yndyske inkt,
mei floeipapier en in doekje foar it griemen

De kaarten mei illustraasjes wiene talryk.
Dit wie de tiid fier foar it digiboerd

en mem wurke net bûten de doar,
dy die de wask.....

of se bjinde mei Vim
of poetste de skuon mei Erdal

Wêr't sân foar wie wit ik no noch net.....

wa sjongt dat ek al wer
"met waxinelichtjes van Verkade......"


Weerribben

Woansdei wiene der simmerske temperaturen.

Dat hat gefolgen foar ús fytsgedrach.

Wij fytse wat fierder en dogge de koarte broek oan.

Op nei de Weerribben, fytse fanút Willemsoord.

De Weerribben yn dizze tiid jout it in byld fan reidsnijers

Oeral wiene se dwaande of dwaande west.

Boaten leine fol mei reiden

en op spesjale  reidfjilden stiene de bulten klear.

Yn de rekreative doarpkes wie it rêstich.

Yn Bloksyl, oars in drokte fan belang bij de slûs

wie it stil bij "Kaatje bij de brug"

Yn Giethoorn koene wij frij fytse 

sûnder ús fingers blau te beljen 

om EastYndysk dôve Japanners, Sjinezen en Koreanen oan de kant te jaaien.

De drokte wie ûnderweis

mei al dy fytsende echtpearen lykas ús....

No ja, hast sa as ús.

Sy fytse elektrysk en wij net


Rêst bij de brêge fan Kalenberg

rêst op it wetter bij Kalenberg

rêst bij de slûs fan Bloksyl

rêst foar de earrebarre boppe yn de beam

rêst bij it reidsnijen.....it is klear


rêst op it wetter bij Giethoorn

rêst op it wetter en de rinpaden yn Giethoorn

de skiednis fan Willemsoord is ryk

de koloanje yn Willemsoord



zondag 28 maart 2021

Joadske bern

 



Om oandacht skreauwende buorden 
steane meast oan drokke diken.
Dit boerd is amper te sjen fanôf in drokke dyk

Tusken Wommels en Burchwert wurdt oandacht frege foar 
"de terugkeer van de Joodse kinderen"

Ek op Djiplân  bij de famylje van der Werf 
spile in ferhaal, wêr't no oandacht foar is.

Op dizze wepside kinne jim der alles oer lêze.

It ferhaal fan it famke fan Burchwert stiet hjir


vrijdag 26 maart 2021

Emigraasje

Emigraasje,
dat wie ein jierren 40, begjin jierren 50 populêr.
De romte en sels boer wurde wolle
wie de dream fan talleaze Friezen.
Yn de LC fan doe fyn ik wat stikjes hjiroer. (sjoch ûnderoan)

De oanlieding fan myn sneupen dêrta wie de ûndersteande pasfoto
dy't ik fûn tusken âld fotomateriaal fan Jellie har âlders.

In foto út 1950, fan Jellie har mem Annie
mei op de efterside de tekst:
Voor de pas , voor Canada 1950.

Tjeerd en Annie, sij wennen op 'e Jouwer,
makken ek konkrete emigraasje plannen.
Se hiene op dat stuit (1950) ien famke (Eltje)
en beppe Annie wie yn 1951 swier fan de twadde.




It wurdt simmer 1951  
en de koffers kinne ynpakt wurde
om mei de boat nei Kanada te ferfierd te wurden

Begjin septimber1951 stie yn de LC dit stik mei foto.....


It gesin út de Jouwer, wêr't de Holtroppen wennen?

Nee, it wiene Dijkstras dy't mei 8 bern nei Kanada gyngen.

En de Holtroppen dan?

De Holtroppen seinen op it lêste momint ôf fan dizze reis.

Yn septimber soe mem Annie befalle fan harren twadde

en dokter hie oanjûn dat reizgjen net mear ferantwurde wie...

It gie oer en fan útstel kaam ôfstel.

Op 18 septimber 1951 waard Jeltje berne,

de reden fan it "net trochgean"


Op 1-1-1977 trof ik Jellie (nammen feroarje) yn de Panbar yn Snits,

wij trouden yn 1978

krigen 3 bern en hawwe no 5 pake- beppesizzers.


.....dat hie dus allegear ek oars rinne kinnen


Noch wat stikjes út de krante fan doe oer emigraasje





woensdag 24 maart 2021

De jierren 50 - diel 1



It liket sa lang lyn: de jierren 50.

It is ek lang lyn en ik bin fan dy jierren.

1954.

Ea krige ik in boekje as oantinken oan dy tiid

It lei jierren op souder, mar no gean ik it dielen

Foto's fan dy tiid

it is prachtich om herinneringen op te heljen.


HJir wit ik fansels neat fan,
mar ik mei oannimme
dat yn huize Hofstra mem Hiltsje dit ek brûkte


Dat ik hjir út iet is wis. dy panne hawwe wij noch.
Ha pap zegt Fik
Mis hoor, lacht Mop
Poes roept, eerst ik
Tís allemaal op

de ynhâld fan de la mei medisinen

Flipje fan Tiel, dat wie de baas fan de sjem
en mei de segels koene je boekje krije of keapje


Nije wike mear.........