zondag 16 februari 2025

Ferneame

Sneon wie Syb bij ús,

de jongste pake- beppesizzer. 

Hij is noch 2.

It wie wer in hearlik fermaak.

Fjouwer oere sette hij wer ôf.

Om seis oere komme Samme en Nyck.

Sij binne noch 8 en noch 6

Sij bliuwe sliepen.

Oare moarns komt Nyck bij mij lizzen.

"Pake, asto dea bist dan bin ik ek al âld"

 "Dat soe moai wêze", sis ik.

"Pake, at ik bern krij, dan neam ik him Aant, nei dij"

"en Jellie, at it in famke is"

"Wat leaf fan dij".

Mar soe dyn frou dat wol goed fine, 

want dy hat ek in pake en beppe", 

besykje ik mei wat relativearing.

"Tsja", seit Nyck, 

"miskien bliuw ik ek wol allinne,

dy drokte fan bern........."

"Witst al in famke , wêr'st mei trouwe wolst"

"Ja,  Y of Y "seit er beret

Beide mei in Ygrek krekt as mij"

"Dat klinkt net Ygek, beslút ik ús petearke.


Mei Syb in slach rinne

twa jonges en twa fytsen útfanhûs




vrijdag 14 februari 2025

Suvel

 Yn in  krante fan 1961 stiet dit nijsgjirrige stikje




donderdag 13 februari 2025

In oandwaaning

Dit stikje stie earne yn it AD

as ûnderdiel fan in grutter stik.

Jim kinne sels wol betinke wêr't it sa'n bytsje om giet.

In oandwaaning fan de nije tiid





dinsdag 11 februari 2025

In djoer aaike

Froeger wie alles better.

Minder kriminaliteit miskien

mar mear besoademiterje yn 1961








zondag 9 februari 2025

In stik of in boek

 


Wat moast it wurde en wat is it wurden?

Moast it in stik wurde en is in boek wurden

of moast in boek wurde en is it mear in stik

Ik bin der noch net út mar ik haw it ek noch krekt net út

It tema makket wol nijsgjirrich,

it is dêrom dat ik trochlês.

Is it grappich? 

Ja, dat giet

Is it fantasij? 

Dat wol wat

Is it spannend? 

Haw ik noch net field nei 165 siden

Is it oangripend? 

Foar mij net


Mei oare wurden, 

lêze dat boek mar dat hawwe jim net fan mij



FUC

De hiele wike siet ik yn jierren 60 muzyk troch NPO radio 5. 

Ien fan myn favorite nûmers is Summertime Blues fan The Who. 

Der is sûnt justerjûn in noch bettere útfiering bijkommen fan dit nûmer. 

De útfiering fan FUC mei Daan Span as 'Daltrey'

wie in hearlike ôfsluter fan dy jierren 60 wike. 

Of wie it al snein doe't FUC ús ek fermakke mei ûnder oaren Little Red Rooster 

mei Pier Koopmans as 'Jagger'. 

Mei noch twa hearlike bands dêr yn Itens (Historian en Milk & Alcohol) 

wie it in tige slagge jûn. 

Gjin filmkes makke juster 

mar dit is dan as kompensaasje de twads beste útfiering fan Summertime Blues


 

donderdag 6 februari 2025

Sukkel

 

Wat sjoch ik faak immen efter it autostjoer beljen

Dat giet de hiele dei troch, 

wêr't je ek binne yn ús fierstentegrutte gemeente

De pakkâns is frijwol nul, lês ik hjoed yn it regionale AD




Ik sjoch der alle dagen meardere yn de buert fan Wommels

en dan lês ik dat der ferline jier 356 minsken in print krigen

foar dizze oertreding

356 bekeurings, dat is minder as ien per dei.

Nee, de pakkâns is net grut

At je pakt binne, binne je hast in sukkel


Foltreffer?

 


Op it tsjerkhôf fan Wûns stiet dizze grêfstien.

Trije bern út ien húshâlding op ien stien.

S komme om op de dei nei de befrijing yn 1945

It ferhaal spilet bij de Wunsstelling en wie in freeslike flater

In Kanadees tocht dat er in noch in Dútser wie bij it hûs 

wêr't it gesin wenne wêr't de bern ta behearden.

Hij skeat in granaat ôf.

De granaatynslach treft gezin en de trije bern komme om.

De iene wat letter as de oare.

Hoe is it mooglik dat op de grêfstien stiet 

door een voltreffer




Fierderop sjoch ik noch in stien mei in ferhaal

(feitlik hawwe alle stiennen dat)

Trije bruorren ferdrinke







dinsdag 4 februari 2025

1825

 Wat in drokte om de oerstreaming fan 1825

De "ferjitten"oerstreaming wurdt it neamd

Ferjitten? 

Hoe komme se der bij.

Asing Walthaus skreaun in moaie kollum yn de LC.

It lêste stikje dêrfan stiet hjir ûnder



maandag 3 februari 2025

Tietvoorn

 



Oer de Fryske Spreukekalinder 2025 haw  ik it al hân.

Ien stik argewaasje

Mar de argewaasje is no omslein yn nijsgjirrigens

Nijsgjirrich wat se no wer ferkeard dien ha.

De útjouwer jout ek oare kalinders út

Drints, Achterhoeks en Oersisels

Ik haw it idee dat dit stikje op de kalinder fan Oerisel pronkje moast.


Oh ja,

as spreuk stiet der dizze kear in froufreonlike siswize op,

wêr't ik noch nea fan heard haw:

Memmedei komt njoggen moannen nei heitenacht

zondag 2 februari 2025

Fergunningen

 It falt net ta om wat te organisearjen yn dizze tiid.

De betingsten wurde hieltyd stranger

en in gemeente dekt him foar fan alles yn.

Alle jierren it selde ferske.

Steapels papieren ynfulle

en mar wachtsje at in amtner yn ús fierstentegrutte gemeente 

it goed fynt.

Dat moat oars sei de gemeenterie

en dus wurde der no stappen setten

Sneon yn de LC stie soan Tsjeard 

út namme fan de Frysman, 

de ienige hiele triatlon yn Fryslân,

mei wat amtners op it Reaklif

want sels sjen is better as úttekenje en útlizze op papier.







Oare talen

 Appie Heyn  en Jacob Jumbo fine it net nedich

dat op harren produkten de Nederlânske taal stiet.

It is goedkeaper om gewoan ien taal te brûken.

Dêr binne fansels tal fan taalorganisaasjes op tsjin

en ik ek.

Neffens mij is Brinta al begong....



vrijdag 31 januari 2025

Moarnsljocht

 



Ik hoechde fannemoarn net fier te rinnen

om wat moais te sjen.

Gelyk stoppe nei it foto's meitsje, 

want de linker poat woe ek net echt mei


maandag 27 januari 2025

Fiadukt

 It boek oer Burchwert jout ek wat ynsjoch oer tal fan saken.

Sa sjoch ik dit stean oer 1960





Dy lêste sin is bijsûnder.

Yn 1960 wurdt der praten oer in grutte dyk fan Ljouwert nei Boalsert of oarsom....

Yn Burchwert pleite se foar in fiadukt op de Burchwerterhoeke.

De dyk komt der yn 1973....

It fiadukt yn 2023 mei in tekst der op yn in lettertype

wêr't je Google transleet bij ha moatte om it te lêzen


Kinne meitsje (2)

 






Ik bin hast wol klear mei dy spreukenkalinder,

dy Fryske spreukenkalinder 2025.

26 dagen foarbij en de iene nei de oare taalflater 

fljocht hjir troch it húske

Hokker Sjinees hat dit ding makke

freegje ik mij ôf.

It soe net kinne meie of kinne moatte 

sokke flaters.

Ik haw in mail stjoerd nei de útjouwer

en krige dit antwurd:


Geachte heer Hofstra,


We geven de Fryske spreukekalinder inmiddels meer dan 30 jaar uit.
En de kalender van 2025 bevat inderdaad, tot onze grote spijt, teveel spellings- en grammaticafouten.
En dat is ons in die meer dan 30 jaar niet eerder overkomen.
Onze excuses daarvoor!

De kalender voor 2026 was al bijna in productie, echter hebben we op het laatste moment besloten een extra correctie te laten uitvoeren door Afûk.
Tevens doen we in de kalender voor 2026 een oproep voor een nieuwe samensteller van de Fryske spreukekalinder.

Met deze ingrepen hopen we weer tot een goede Fryske spreukekalinder te komen.
Nogmaals onze excuses!

met vriendelijke groeten

Johan van de Berg
Uitgeverij Van de Berg




vrijdag 24 januari 2025

Typysk

 



Ik haw in boek út de wikselkolleksje fan Mar & Fean

Gjin lêsboek,

mar in boek om je te fernuverjen.

Ik tink wol 1000 foto's oer typysk Nederlâns 

neffens de fotograaf.


Sa sjoch ik talrike foto's fan dingen om en bij hûs

Boedabylden 

Molentsjes 

Fersierde / feburgen kontainers

Grutte blompotten

Syngroam bemamen

Entree hagebôgen 

Buorden mei eten en zo,  bouwen en zo, friet en zo, 

kafé en zo, pizza en zo

Automaten foar fan alles

Buordtsjes mei Home

Frjemde huzenammen


Hjirûnder in pear foarbylden yn byld.....

















woensdag 22 januari 2025

Noch in meter

 


Noch minstens in meter te gean.........

dinsdag 21 januari 2025

Giele buorden

 Betiden tilt it op fan de giele buorden.

Moai op tiid en op alle mooglike punten

wêr't de auto's lâns komme

In omlieding, se hawwe der in bealch fol wurk fan

om op it goeie plak de pylken en letters del te setten.

Safolle wurk dat je net dy muoite nimme

om dat foar fytsers ek te dwaan.


Fyts ik moandei mei myn goeie gedrach 

binnentroch nei Burchwert

fyts ik troch Burchwert

kom ik bij de trekfeart bij it lêste hûs

en dan is it Ho......

In skrikstek blokkearet it paad.

In giel boerd seit  dat Boalsert dy kant út is.

Dat is werom 

rjochting Burchwerterhoeke....


Ik fyn in omlieding net slim

in stikje omfytse ek net

mar de wize wêrop se mei fytsers omgean wol.


Der fljocht in ders gefoel troch mij hinne.

Dus gean ik mar rjochting Hartwert

en fyts fia in suterich betonpaad

oer it hiem bij in pleats  (Bargepels) oer de Kleasterfeart 

nei Boalsert







maandag 20 januari 2025

Fokus

Sneontejûn bliuwe de leafhawwers oer op it bluesfestival.

Nei Flavium en Livin Blues binne dêr kertier oer alven de Bintangs

Ik begryp dat wol as santiger,

dat je nei in lange jûn it net mear op fuottten hâlde kinne.

In stampfolle bak, dus hast gjin plak foar sitsjes,

boppedat gong it hurry-up tusken de optredens.

It publyk wie wol gemiddeld oan de âlde kant

en at je dit net wend binne is de tredde band krekt tefolle

Net foar mij, want ik kom just foar de Bintangs.

It is myn 13 kear dat ik se sjoch.

It begjint yn 1982 yn it Dielshûs

at ik sels mei organisear as bestjoerslid.




No stean se 42 jier letter yn it Bolwerk yn Snits


Ik stean bij Tiede

Wij hawwe it oer de sound, 

dy hearlike slidegitaar 

en dat wij sa net in band witte

dy't dit ek docht.

Hearlike hits as Ridin on the L&N, Mona Lisa

en Alright, Alright komme foarbij.

Prachtige ballads spylje se 

meast skreaun troch Art  Kraaijenveld

dy't mei 71 jier ferstoar.


Wij sprekke ús ferbazing en respekt út oer Frank Kraaijeveld

dy't neffens mij 78 is.

Hielendal ferkeard dus. 

Hij is yn jannewaris 80 wurden.

80 en noch sa rocke mei in prima band.

Hoe't hij dat sa lang folhâlde kin

kinne jim lêze yn dit moaie artikel oer syn frou

Sjoch hjir 

Schwartzenbergweg

 


Yn Hichtum is de Schwartzenbergweg.

Dat wit ik sûnt 1978, want doe wennen wij dêr.

Sa'n fjouwer jier lang, mei in soad genoegen

Ik fyts dan ek graach troch Hichtum.

Yn Burchwert hawwe se ek in stikje Schwartzenbergweg sa te sjen.

Schwartzenberg komt fan ien of oare adelike famylje

dy't dêr wenne hawwe op de Wybrandastate.

Dy state is letter ôfbrutsen 

en dêr is in grutte pleats foar yn it plak kommen.

Dy stiet er noch. 

Oer de brêge oan de rjochterhân,

de pleats mei it hôf en de grêft der omhinne.

Dy adelike famylje hat wakker wat namme makke yn Fryslân

Ik freegje Chat GPT wêr't noch mear Schwartzenberg strjitnammen binne.

It antwurd:

De naam "Schwartzenbergweg" komt voor in verschillende plaatsen, vooral in Nederland. Enkele bekende locaties zijn:

1. **Amsterdam**: In de hoofdstad van Nederland bevindt zich een Schwartzenbergweg in de wijk Amsterdam-Zuid.
2. **Rotterdam**: Er is ook een Schwartzenbergweg in Rotterdam.
3. **Utrecht**: Deze straat komt voor in de stad Utrecht.

Daarnaast kunnen er ook andere kleinere plaatsen of wijken zijn die een straat met de naam Schwartzenbergweg hebben. Als je specifieke informatie zoekt over een bepaalde Schwartzenbergweg of een context waarin deze naam voorkomt, laat het me weten!


Ik bin fansels net tefreden mei dit antwurd.

Hichtum, dêr bin ik wis fan en Drachten neffens mij ek.

Dus sis ik tsjin yn de Chatboks:  Ook in Drachten?


Ja, je hebt gelijk, er is ook een Schwartzenbergweg in Drachten, blablabla

Ik wit ek dat der ien yn Bitgum is, dus mar wer freegje


Ja, je hebt gelijk, er is ook een Schwartzenbergweg in Beetgum blablaabla


En Sneek dan freegje ik

Ja, je hebt gelijk, er is ook een Schwartzenbergweg in Sneek, blablaabla


Ik jou de moed op. 

Ik haw gjin sin om alles foar te sizzen.

Om te fertellen dat der yn Balk in Schwartzenbergstrjitte is

Dat Fysk sil syn grinzen wol te boppe gean



zaterdag 18 januari 2025

Dêr gean se

April 2024 foar it lêst fuotballe.

De skuon noch efkes holden, 

want miskien wurd ik ûnwennich fan dat oerke Efkes Balje.

Ik bin net ûnwennich nei 8 moannen.

Dizze wike kocht ik nije draafskuon

en ik haw mei klean en skuon in fêste rigel.

iets der yn, dan ek iets der út

Dy rigel haw ik sels oanpast  yn 2025 

Ien (pear skuon) deryn, dan twa pear skuon derút.

Foar klean jildt no it selde.

Dêr gean se yn de tekstylbak...





donderdag 16 januari 2025

Sulveren fyts

Der binne no 50 fytsers yn Fryslân 

dy't ûnderskieden binne mei de Sulveren fyts.

In heech oanskreaune priis betocht troch de FNP.

Willem Bosma krige begjin jannewaris de lêste.

De lêste dêr liket it op,

mar Willem is/wie sjoernalist

en dy lit dat net samar oer syn kant gean.

In prachtich stik dêr't ik mij hielendal yn fine kin

en ek wol yn herken.

Dat is logysk want

yn 1998 krige ik de sulveren fyts


At dy ek fan sulver is, 

kin ik sa net sa goed sjen

It is al efkes lyn dat ik him foar it lêst poetst ha..

"Fytser fan al den dei"

stiet der op, 

andêr dat ik 365 dagen yn it jier fyts

en soms 366 dagen




Abbingawâld

 


At ik yn it ferfolch troch Beetstersweach fyts 

sil ik oan it boek Abbingawâld fan Sj. van der Schaaf tinke. 

It skynt sa te wêzen dat hij mei dit boek dat doarp, 

mei al dy fritsen en fratsen fan minsken, 

op it each hat, at er dit boek skriuwt.

It is fan 1947 dus  giet it oer noch earder. 

Al dy koarte stikjes oer minsken út it doarp soargje der foar 

dat ik wer hiel lang oer dit boek doch. 

Wat langer ik der fan genietsje kin wat better. 

Yn 1999 komt der twadde printinge (dat is 52 jier letter) 

en dan wurdt der oer sein dat "het nog steeds een lezenswaardig boek is". 

k kin jim sizze no wer 25 jier letter is it noch altyd in pronkje.

Foar de leafhawwer fan it moaie âlde Frysk stel ik it tydlik beskikber




woensdag 15 januari 2025

Op gym

 Ik haw op gym sitten

yn myn jonge jierren

Der stietmij noch bij in "optreden "op it keatsfjild

en in optreden yn it Dielshûs.

De koprol tink ik,

mear hat der foar mij net ynsitten.

Hânstân, it heucht mij net.

Oer dat optreden op it keatslân

fyn ik in krantestikje

út 1960





dinsdag 14 januari 2025

Elshout

Ik fyts hast alle wiken wol in kear troch Lollum

Ik fyts dan ûnder oaren oer de Elshoutbuurt

Bij de namme Elshout giet mij net in ljochtje brânen

dus oant juster ta haw ik gjin idee

hokker boppe-ierdske betsjutting dizze man foar Lollum hân hat.

Dat wurdt ynienen oars

at ik it nijsgjirrige boek oer Burchwert op de kop tikje

Yn dat boek stiet in prachtich stikje fan dûmny Liuwe Westra

oer hoe't Burchwert krekt net griffermeard wurden is.

Dat hat mei Lollum te meitsjen sa lês ik.

De namme Elshout falt ek

en dan is myn nijsgjirrigheid der hielendal.

Ik wol graach mei jim dit artikel diele

Dat de Elshoutbuurt tusken de 

herfoarme en grifformearde tsjerke leit

dat sil wol gjin tafal wêze.

Ik fyn it hiel tapaslik







zaterdag 11 januari 2025

Iis

 




Sneontemoarn eage it allegear wat wintersk

Dus it trekpaad mar efkes om

Rinnende

Hast gjin wyn en dan leit de trekfeart samar ticht

De fûgels sykje bij de fûgelwyk in plakje yn de lijte

De sinne komt wer moai op

Jan

Ik kin in protte minsken troch de muzyk.

Muzyk ferbynt

It is  2013 en 2018 dat ik yn Poadium Asteriks bin.


In optreden fan Claw Boys Claw.

Yn dat switterige âlde sealtsje boppe

is it beide kearen ien grut rockfeest

Wij gean út ús dak

en op ien fan dy jûnen tref ik Jan.

Ik kin him net echt

haw him wol faak sjoen

mar op dizze jûn genietsje wij beide 

foaroan bij it poadium.

Jan út Itens.

Wij hawwe it der dy jûn noch efkes oer.

Nei dy dei sjoch ik Jan folle faker.

Bij de Jumbo bijgelyks

"bist der noch wolris op út"

is it begjin fan in meast koart petear.

Yn Itens bij de muzykjûnen

"moai dat wij der wer bij binne

en wat in goeie band"

sa hawwe wij it der wer efkes oer.

Mei de klam op efkes.

Wij wiene gjin lange praters.

Net tafolle wurden seit soms mear,

oer ús muzikale freonskip.

Wat in skrik dizze wike.

Earst al it berjocht dat der in man yn de sleat fûn is yn Itens

'Wa soe dat wêze?'

Dan de adfertinsje yn de LC.

Jan Flier út Itens, 

noch mar 71 jier, is stoarn.

Harrebarre...

Wat in gemis foar syn famylje

en ik sil him op 8 febrewaris yn Itens ek misse.




vrijdag 10 januari 2025

Dealkoholiseare

Wêrom is in alkoholfrij bierke like djoer 

of sels djoerder as in echt bierke?

Dat is de fraach boppe fan in artikel 

dat ik tsjin kom op ynternet

Ik bin benijd en lês it


Dat ligt voor een groot deel aan het productieproces van de 0.0-drank. 

Het grootste deel van de alcoholvrije dranken is gedealcoholiseerd, meldt het Voedingscentrum. 

Dat houdt in dat alcoholvrije dranken op dezelfde manier worden geproduceerd als de alcoholhoudende variant, met nog een extra stap om de alcohol er weer uit te halen.


donderdag 9 januari 2025

Bidon

Jellie hat hast altyd in bidon bij de hân.

Yn 'e hûs mar foaral op de fyts.

Op de reesfyts en de elektryske fyts

pronkt in ljocht blauwe Frysman bidon.

At ik mei Syb fan twa bij de Opslach lâns rin

en ik sjoch de twa fytsen fan syn neefkes stean

sis ik: sjocht de fytsen  fan Samme en Nyck.

Syb, dy't altyd earst goed sjocht

en dan reagearret seit

Nee, fyts fan beppe...

Nee, dit is de fyts fan Samme.

Fyts fan beppe....

Ik kin prate wat ik wol, 

mar it bliuwt de fyts fan beppe

dy mei dy ljochtblauwe bidon




maandag 6 januari 2025

Skrik

Op woansdei 3 desimber belje ik oan bij frou Ruiter.

Ik bin op stap foar de rubryk 'Bakje bij" yn Diggelfjoer

Frou Ruiter liket mij in moaie kandidaat.

Ik kin har al hiel lang en fia it digitaal kafee 

en de kompjoeterkursus yn de byb 

haw ik in protte wurdearring foar har.

Tiid foar in petearke


Hjoed, 6 jannewaris haw ik de famylje kondolearre

en haw ik thús fia ynternet 

de prachtige, respektfolle ferhalen fan har bern en bernsbern heard,

yn de betinkingstsjinst.

Op 28 desimber is hja ûnferwachts stoarn.

Wat in skrik

Sa tryst, in frou dy't noch safolle koe en woe....

zaterdag 4 januari 2025

Sliep lekker

 


In kreaze tekst oer it drama fan Grins

It stiet dizze wike yn lannelike deiblêden.

Sa song ek it mei Boudewijn it yn 1966

(doe wie ik 12)



vrijdag 3 januari 2025

Abbingawâld


Abbingawâld is in boek út 1947.

It leit op de 'meinimtafel' bij Tresoar.

Ik nim it mei en hoop dat ik ferrast wurdt.

Mei Abbingawâld wurdt Beetstersweach bedoeld yn eardere tiden

De skriuwer hat dêr op it gemeentehûs wurke

en beskriuwt yn it prachtige stl yn geef, âld Frysk

alles wat er yn it doarp bart.

It jout in moai byld fan earder

en ik genietsje fan it Frysk

útsein wannear it op de kop stiet





Sinne

 


In hoopfol begjin fan de dei

at ik fannemoarn op de Bieren fyts

In momint om bij stil te stean

yn dizze oer it ginneraal tsjustere tiid

Fytst en draafd hjoed 

en mar ien kear wiet 

at ik net skûle hie

Droech dus