dinsdag 24 september 2019

Amelân



Moarn gean ik foar trije dagen nei Amelân. 
In moai ferfolch op myn wurkjend libben: 
mei op skoalkamp. 
Nei Amelân, gelokkich, mei de boat.
Lit it altyd sa bliuwe. 


Asing Walthaus hie it okkerdeis yn de LC ek oer Amelân en brûkte it wurd "versylting". as skrikbyld foar Amelân. 
Ik tocht werom oan ús lisfyts fakânsjereis.
Fan Sweden lâns de Deenske en Dútske kust nei hûs ta. 
It is 2005 en sa healwei de reis fytse wij nei it Deenske eilân Rømø 
en wurde mei de boat oersetten nei it Dútske eilân Sylt. 

Earst oer Rømø: wat in freeslik eilân. 
De keale dyk dêrhinne (15 kilometer, dizze kear yn de wyn) 
mei allegear auto's op hinne en weromreis 
en de measte auto's sjogge wij letter op it strân stean want dat mei dêr. 
Sinnebaaie neist de auto. 
Hoe betinke je it. 
Op Sylt wie it ek drok mei auto's. 
Ien nacht "kampeare" op in fierstentefolle kamping. 
Fan Sylt nei Dútslân kin allinne mar mei de trein, 
dy't auto's en fytsen meinimt. 
It wie in prachtige fytstocht mar it mei auto's oerladen Sylt en Rømø binne ús net bijbleaun as hichtepunten. 
Dus, lit de nostalgy bestean
 en lit de boat nei Amelân gewoan farre 
ek al is it meast mei fertraging.














maandag 23 september 2019

In horloazje



Ferfelend foar Kasper, earder fuotballer bij Ajax,
dat tocht ik ek as earste,
mar dat duorre noch gjin heale sekonde
doe't oare tinzen it oernamen

Leave himmeltsje
in horloazje fan 70.000 euro
foar sa'n omheechskreaune  talintfolle fuotballer
dy't it net wier makke hat oant no ta.

Dy fuotballer dy't fierstentefolle fertsjinnet
en yn de goedichheid net wit wat hij mei syn jild oanmoat
en dus mar in horloazje keapet fan 70.000 euro.

Hoe soe't it wêze mei dat horloazje?
Hoe bysûnder is sa'n klokje
dat krekt as oaren oan de pols moat.
Giet de tiid dan langsumer
sadat je  minder gau âld wurde?
Dan wol ik ek ien.

Ik gûchelje en fyn dizze side
en dan wit ik genôch:

The Ultimate Watch of Prestige

Dom fan Kasper Dolberg,
as fuotballer hie hij dat witte moatten.
Want leare je net as fuotballer as earste
om nea foar it doel lâns te ferdigenjen
en as twadde
nea je weardefolle spullen yn de boks efter te litten.

Of wie dit miskien net iens weardefol foar him?

zondag 22 september 2019

Molke of poer

Freed 20 septimber
seach ik se lizzen bij Jumbo:
pipernúten en de sûkeladeletters.

Fan pipernuten gjin ferlet,
mar in stikje sûkelade
giet er wol yn,
sa no en dan

No dus, dus ik keapje de letter M,
dat is better as de T en de I,
sa mienden wij earder te witten;
boppedat is M de letter fan Melk
want dat fyn ik allinne mar lekker

Ik kom thús en meitsje mij sels al bliid
om aansens nei it sporten
in lekker farsk stikje sûkelade te nimmen.
De hâldberheidsdatum leit op 31 maart 2020
mar sa lang wol ik net wachtsje.

Bij it iepenknippen fan it pûdsje
wêr't er yn ferpakt sit,
rûk ik it al....
Dit is Puur.
Puur yn in doaske fan Melk.

Ik bin net poer mar swier teloarsteld
en meld mij moandei bij de baly
fan Jumbo
om dizze te ruiljen foar in P,
de P fan Puur
en dan rekkenje ik der op
dat er Melk ynsit




dinsdag 17 september 2019

Spesjaal bierke


It is in aardichheid
in kado as "Bier út in doaze"
Ien kear yn de twa moannen
komt er sa'n doaze binnen
mei 12 bierkes.
Allegear spesjaal bier út alle hoeken fan Europa
yn in fleske of in blikje

Ik krij trije fan sokke doazen.


Nammen



Nee, it is gjin famylje
foar safier ik wit.

Wat mij opfalt binne de nammen.
Lamkje (sa frysk as wat) troude mei Earl (sa Kanadeesk as wat)

Harren bern (?)  hawwe allegear in Fryske namme
en binne allegear troud (of net) mei immen mei in Kanadeeske naame

maandag 16 september 2019

Keunstich

Op 7 septimber wie it Greidhoekfestival
in muzykspektakel fan formaat

Mar ek de keunst kaam oan bod


De keusnt om bern sels boartsje te litten

de keusnt om in dea erfaring te ûndergean yn in kiste

De keusnt fan Paul Smit dy't mij alle jierren wer ferbaasd


zondag 15 september 2019

Sinne en in bytsje skaad


Wij ha sûnt koart sinnepanielen
en dat is in noflik gefoel at de sinne skynt.

De kastanjebeam fan buorfrou,
gewoanwei in pronkje
sit ien fan ús sinnepanielen yn de wei.

It is dúdlik dat it paniel rjochts ûnder
efter bliuwt mei de opbringst.
Moarns earst hat it skaad de macht.


vrijdag 13 september 2019

Anke in stjêr

Dit is in lestich stik
oer in dreech stik , justerjûn yn Jorwert.
it Iepenloftspul in stjêr yn it tsjuster.

Lestich omdat geweldich en net folle oan
soms hiel ticht bij elkoar lizze.

Anke Boersma wie de stjêr fan de jûn,
dat wie in ferrassende iepenbiering:
wat dy kin dy geweldich spylje en moai sjonge.
Sij soarge der foaral yn it twadde part foar
dat ik fol ferbjustering siet te sjen nei de ôfrin
fan dit bijsûndere ferhaal.

It giet oer dillema's,
oer falske minsken,
oer ûnrjocht.
Anke sleepte mij,  troch har geweldige spul mei
of wie it allegear echt.

As leafhawwer fan taal en it ferhaal
kaam ik wol oan myn gerak.

Mar.....
ik moast foardat ik meisleept waard yn it ferhaal
earst myn troch toetermuzyk ûntstiene pine yn 'e holle oerwinne.
Ûntstien tidens it iepeningsnûmer
wat fielde ik mij "net thús" yn dy mjoezekeleftige setting.
"Wat doch ik hjir" gie der troch mij hinne.

It is sa't Toby (Sjoerd van Beem) yn it stik seit:
wêrom begjinne se samar te sjongen en te dûnsjen
wylst je yn it goed ferhaal sitte.

It seach der allegear geweldich út,
it ferhaal wie om nei te tinken
en geweldich spile
mar safolle toetermuzyk,
ik kin der mar net oan wenne.

Moaie foto's fan Piet Douma kinne jim hjir sjen



woensdag 11 september 2019

Harns

Ferline wike in hiel ferhaal yn de LC
oer de lêste deastraf dy't tapast wie yn Fryslân.
It wie in moardner út Harns
dy't yn 1860 op it skawot yn Ljouwert syn "fertsjinne"dea krige.

Tafal bestiet net, dus moast it sa wêze
dat ik krekt de wike dêrfoar in boek út de byb helle
fan Vuyk, in Harnser skriuwer.

It boek beskriuwt de moard dy't liede ta de lêste deastraf
en de moard fan de blikken dûmny.

Mar it boek hat folle mear.
It beskriuwt de tiid sa't dy doe wie yn Nederlân,
yn Fryslân en dan meinamme yn Harns.

De earmoede, de tsjerke, de boppelaach, it sosjalisme
de earste trein nei Harns,
it leger des Heils
en wat allegear noch mear mei Harns te meitsjen ha.

In prachtich boek






maandag 9 september 2019

De ein

Wat wie it wer in feest:
de tarieding, it opromjen
en it festival sels yn it earste plak

Prachtige foto dy't alles seit



maandag 2 september 2019

zaterdag 31 augustus 2019

Goud

Der binne lju dy hawwe in plakplaatsje
op de brievenbus,
in plakplaatsje mei dêrop yn read oanjûn
Nee.......Nee...
Dy lju krije gjin folders.

Sij misten dus dit struibriefke,
dit gouden briefke.

Ik krige it wol en kin mij dêroer fernuverje.



Fernuverje  oer de priis fan it goud (per gram)
Fernuverje oer it feit dat myn briefkes fan 5 noch mar 1 euro 50 wurdich binne
Fernuverje dat myn lêste tientsje  no 3 euro wurdich is
en dat it suver spitich is dat ek gjin gouden tosken ha

vrijdag 30 augustus 2019

Volgens Willem

"Volgens Willem" is de titel fan in boek.
It beskriuwt it dwaan en litten fan Willem Venema.
In namme yn de muzykwrâld,
dy't sommigen miskien wol wat seit.
Hij wie ien fan de rockmuzykminsken fan it earste oere.

Hij regele, hij helle, hij boekte bands
út binnen- en bûtenlân op lytse en letter
op grutte podia en festivals.



In moai boek en it giet ek oer Brood,
Herman Brood wol te ferstean.
Herman wie ien fan de earsten
dy't fan Willem in poadium krige yn Nijmegen.

Oer Brood giet dit stikje,
nei oanlieding fan wat ik lêsde yn it boek.
Oer de bizarre winsken dy't bands opstelle,
at se komme te spyljen.

De list komt mij bekend foar
doe't wij Brood in oantal kearen yn it Dielshûs optrede lieten.
Safolle winsken en dan nei de tiid sa'n binde efter litte......

Dat wie gjin rock & roll wat sommigen miskien fine
dat wie krimineel gedrach.

Brood is gjin favoryt fan mij




woensdag 28 augustus 2019

At Hinne it seit

At Hinne it seit,
dan moat it wol sa wêze......

Yn Op 'e Skille

dinsdag 27 augustus 2019

Prachtige kaart




Dit plaatsje is fan Wommels,
op basis fan in prachtige digitale kaart
wêrop te sjen is hoe âld de bebouwing is.

Read en oranje binne it âldst

Sjoch op dizze link



Topboeken

Yn july hie ik wat mindere boeken te lêzen
út de byblioteek.
Boeken dy't fol sitte mei geweld
en dy't skreaun om der in film fan te meitsjen,
binne net myn favoryt

Boek 63 en boek 64 fan de list fan 2019
binne twa topboeken
Augustus wie dus samar in geweldige lêsmoanne.

Ik kin jim dizze twa boeken fan herte oanriede


dinsdag 20 augustus 2019

Museumbesite

As in ferrassing setten wij ôf
mei twa pake- en beppesizzers.
Underweis nei it Scheepvaartmuseum yn Snits.

Trije oeren binnen west
en gjin momint ferfeeld.

Moai is dat mei bern soks te dwaan.
Sij sjogge oars en stelle moaie fragen.

Allegear boaten en oare nijsgjirrige saken.

Hichtepunt fansels op de earste ferdjipping
efteryn it gebou:
it bernemuseum

Prachtich fermaak
want dêr meie je oeral oankomme
en alles útprebearje

Prima útsje fûnen de bern ek.






stickers plakke mei it skilderij as foarbyld

de âldste boat fûn bij kleaster Thabor bij Turns


Us legomantsje seach mei ferwûndering nei dizze boat




dit is wol leuk foar bern: oan it roer

en de fok ophelje en deldwaan

as in echte skipper

Hoefolle turven heech bisto Jelske?









zondag 18 augustus 2019

Tekenje

Dat liket mij ek wol in aardich spultsje,
tekenje mei de trapers



Sosjaal fytse

Ik gean fytsen en haw gjin haast.
Dus at ik om goed 1 oere
twa mannen rinnen sjoch efter Kûbaard
ûnderweis nei Swarte Beien
dan wit ik dat dit de fleksibele rinklup fan Kûbaard is.
Alle dagen, middeis 1 oere
dogge Kûbaarder belangstellenden in loopke.
Op en del Swarte Beien.
Hjoed binne der twa: Marten en Fokke.
Ik fyts (wylst sij rinne) mei harren op.
Besteklik praat oer hjoed, oer juster en oer moarn.

Bij Swarte Beien keare sij werom nei Kûbaard
en fyts ik fia de Bieren nei de Burchwerterhoeke.
Ik sil in rinner ynhelje
en sjoch dat it Tjeerd Idsinga is
Hij heart mij net, mar hij heart Deep Purple wol.
De eardopkes derút en praat oant Burchwert ta.
Oer muzyk, oer sport oer fakânsje

Hij giet rjochting Boalsertertrekfeart
en ik rjochting Wommels
Op de hoeke stean twa toeristen,
te sjen oan de reade fytstas en de helm.

Se wolle wol prate:
komme út Switerslân, sliepe nachts op in boat
en fytse no nei Makkum.
"Lekker flak"sizze se yn goed Ingelsk.
Sij hawwe it tige nei it sin,
nettjsinsteande de hurde wyn.
Wat in elktryske fyts al net dwaan kin.
Se fine alles hjir goed, misse Switserlân hielendal net
en binne optein oer de kwaliteit fan de tsiis en de bôle hjir.

At de tredde en fjirde toerist (op gewoane fyts)
ek oankommen is,
gean ik sij rjochting Boalsert en ik rjochting Wommels,

Bij de Boalserterfeart tichtbij Wommels
sit Jan.
Hij fiske dêr earjuster, juster, hjoed en wierskynlik ek moarn.
Hij hat foar him sels in moai plakje
mei syn eigen boskmeaner.
Hij fisket op iel en hij is tefreden.
Ik winskje him in soad sukses
en kom nei oardeloere thús
oer in stikje fan 18 kilometer



dinsdag 13 augustus 2019

Fogerty

Wat ropt it wat op,
dy lêzing oer de Freule, it keatsen, 1969
en de ferwizing nei muzyk en Woodstock.

Machtich dat immen bij mij komt en fertelt
dat sij letter op dat terrein west hat,
omdat it allegear sa legendarysk is.

Op woansdei, de dei fan de Freule,
sjoch ik noch in moai ferbân
tusken de Freule, Wommels en Woodstock

De oalkoekekream,
al sa lang yn Wommels at ik libje,
 tidens de doarpsfeesten en de Freule.


En sa stean ik dêr te sjen nei dy nammen
Wiltjer en Fogerty....
Fogerty, sa hjitte it earst (dat wit ik noch wol!)
en letter is dat feroare yn Wiltjer,
de skoansoan fan Fogerty

Feroare,  mar wannear dan?
Ik haw mar efkes wat oaljebollen kocht
en frege hoe't dat sit.
"1968 getrouwd en vanaf 1969 zo ongeveer Wiltjer Fogerty"
jou hij oan.

Dat is gjin tafal fansels
want no wol ik ek witte at se ek famylje binne fan John,
John  Fogerty,
de sjonger fan Creedens Clearwater Revival,
dy't ek spilen op Woodstock yn 1969.

Sy fertelle dat de Fogertys
út Ierlân komme
dat in soad nei Amearika emigrearre binne
en dat er ien yn Amsterdam bedrarre
en letter yn Grins.
En dat binne sij....

"Vast familie" sizze se fol grutskens.