maandag 10 juli 2017

Frysman

"Je moatte wol in bytsje gek wêze, at je dizze sport dogge"
sei de winner fan de tredde edysje fan de Frysman,
in triatlon dus
en dat is
3,8 kilometer swimme
180 kilometer fytse
42,2 kilometer drave
oan ien stik troch

Je moatte it mei eigen eagen sjen
om te witten wat soks ynhâldt,
je ferwûnderje oer it trochsetten
fan dizze sporters
om it te folbringen

binnen 15 oeren moat it kinne
hawwe se ea betocht.

Binnen 9 oeren kin it ek
sa die bliken út de tiden fan de earste twa

Bikkels binne it allegear
ek de lêste dy't binnenkomt
ek hij gie om 7 oere moarns it Iselmar yn
om jûns om 22.36 oan te kommen
bûten de stelde tiid
mar fan de organisaasje en it oerbleaune publyk
wol mei like folle respekt

it is in prachtich evenemint
om te sjen en te belibjen
en dat kinne je it beste dwaan troch as frijwilliger
in hantaast te dwaan.

Us wykein op de kamping yn Warns is goed slagge....
wij ha ús net ferfeeld

Freed de boel opbouwe bij it Reaklif

der is fan alles te dwaan

Freedtejûn de oergesellige pastaparty.....man man, wat kinne dy lju opskeppe (letterlik)

Sneontemoarn krekt foar 7 oere at Wout Zijlstra syn ferhaaltsje docht

en dan de start fan it swimmen .....38oo meter op in rêstige Iselmar

Gerrit Dijkstra docht mei as para-atleet...wat hie elkenien in respekt foar dizze trochsetter. Wout Zijlstra moat jim de heuvel efkes optriuwe, at him klear is mei swimmen

in lekker rockmuzykje bij it rinparkoers

en in inkele atleet seach efkes yn de kofferbak fan Tsjalke de Vries at dy noch wat lekkers hie

Stefan van der Pal bij de wetterpost op Laaksum

en dan krije je sa'n tapaslike kop yn de krante
Sjoch hjir foar de útslaggen en ferwûnderje je oer de tiden


donderdag 6 juli 2017

Werom fan fytsfakânsje


Krekt trije wike lyn brocht de bus fan Cycle Tours ús nei Arles yn Súd Frankryk. 
De wiken dêrnei fytsen wij fan de Middellânske See nei de Atlantyske Oseaan. 
In moaie fakânsje mei grutte tsjinstellingen. 
Ungewoane waarmte (38 graden) oant "Golf fan Biskaje depresjewaar", 
fan moaie strakke fytspaden oant ûnbegeanbere, ûnferhurde trochgongen 
en fan tichte kampings oant 4 stjerren terreinen. 
Wij oernachten yn ús superdelukse fierstente swiere tinte 
en fytsten troch moaie natoer en hast altyd bij it wetter del. 
Soms moast er ek noch klommen wurde, net ús hobby mei bagaazje. 
Wij hiene krekt wat mear as 1000 kilometer fytsgenot. 
In oare bus fan Cycletours brocht ús wer nei Amsterdam. 
Wij binne wer thús en ek dat befalt wer prima.

In lytse ympresje

Mei de bus fan Amsterdam nei Arles.... in tuskenstop bij Luik

De earste kamping....oan de Middellânske see

de twadde kamping.....wat in sântroep

nei in dei fytsen is in bierke in lust en in pizza hast ferplicht.....wat in pizzahutten ûnderweis

de paden wiene net oeral like breed en flak

blommen en tsjerkhoven...it past oed bijelkoar yn Frankryk


Canal du Midi......net echt geskikt foar ús soarte fytsen mei bagaazje

wat in fleurige boaten bij Toulouse yn de Toulouse kleur

Gjin roaming mear.....dus wie de wifi tafel meast net beset

sinneblommefjilden, dêr krije je in goed sin fan

en foar moaie loften kinne je dêr ek telâne


de twadde wike bij de Atlantyske oseaan stie yn it teken fan rein, ûnwaar en hurde wyn.....

mei sa no en dan in sintsje tuskentroch

Op dit plak stiene wij trije jier lyn ek doe't wij dêr nei Nederlân fytsten

ferreinde fytsers

droechje

ferrek ...de kamping is der net mear.....goooogellje dus foar in alternatyf

wij en sij ûnder beam bij 38 graden

in soad genot fan ús fiersteteswiere tinte

de foto kamera op it stjoer efkes draaie.....en klik

Pypskoft oan de Middellânske see

wij ferlitte al wer in kamping

efkes sjen hoe't it allegear sit mei dy routes en sa...

nei it puntsje ta en mei de boat oer

10% klimme mei bagaazje .......it slagge 

oan de Atlantyske oseaan rint in moaie fytsroute

moaie plaatsjes ûnderweis

kersen en abrikozen.....

in moaie strakke loft en in kreas paad


woensdag 14 juni 2017

Fytsfakânsje


Us route dit jier
Fan de Middenlânske See
nei de Atlantyske Oseaan
fia Canal du Midi,
Canal de Garonne
en Velodyssee
sa'n 1000 kilometer

moat te dwaan wêze yn twa wiken

Mei de iene fytsbus der hinne
en mei de oare fytsbus werom

en at it waar hjir wat goed is
earst nei Amsterdam op de fyts
en 14 dagen letter fan Amsterdam nei Wommels

zondag 11 juni 2017

Partytinte


Nei 20 jier fytste ik wer mei
oan dy Alvestêdentocht

Goed om wer in kear te sjen
dat it folle mear is as 15.000 fytsers
dy't op harren eigen tempo de stêden lâns fytse

It is foaral ek de dei
om oan de kant fan de dyk te sitten,
op strategyske punten
sa as hjir bij Tsjerkgaast
yn de lijte fan de hage en de tsjerke
mei kofje en kuolboksen
en in noflike stoel

En wat ek in partytinten ûnderweis
mei (jonge) lju dy't noflik sitte
te bierdrinken
sa lang at der fytsers lânsgean
en miskien noch wol oeren langer

it is echt fermaaklik om te sjen

Ik haw alles wol meimakke bij de 11stêdentocht
mar it meimeitsje fanút in partytinte noch net

Ik sjoch der no al nei út:
lekker oan de kant sitte,
wat lûde muzyk oan,
wat bier drinke
en sa no en dan in fette hap
en wat roppe:
huh...huh.....huh..

Ik kies Gaasterlân mar as lokaasje
want dêr duorret it wol hiel lang
foardat se allegear foarbij binne

donderdag 8 juni 2017

Omgekearde wrâld

Yn de goeie jierren
waarden wij allegear oansetten
om in kapitaalfersekering of in lyfrintepolis ôf te sluten:
gouden bergen en hege rendeminten
waarden ús foarholden....

De rintiid sit der op
en it is no tiid
om it tsjinfallende rissultaat te fersulverjen.

Us sels sparre pot,
wat úteinlik in potsje is,
omdat maatskippijen der in potsje fan makke ha,
wolle wij no graach periodyk útbetelle ha

Dat kin, seit de maatskippij
mei adfys kost it 289 euro
en sûnder adfys  moatte jo
in "Kennis- en Ervaringstoets"dwaan

ja, echt wier: in "Kennis en ervaringstoets"

It is net te leauwen:
ynstee dat de fersekeringsmaatskippij
in "Proeve van Bekwaamheid"  helle hie,
doe't se ús gouden bergen beloofden
moat ik dat dwaan
om gewoan ús eigen jild werom te krijen.

en slagget it net yn twa kear,
dy 11 fragen goed te beanderjen,
dan wurdt troch harren in deskundige ynsetten
foar 289 euro......


Pietje Bell


Oeral sjogge je se stean
de spandoeken mei Pietje Bell der op

Oer dy Pietje Bell
wurd ynkoarten in iepenloftspul spile
yn Easterwierrum

It sil fêst moai wurde,
sa as altyd dêr,
foar bern en miskien ek wol foar âlderen

ik gean net,
kin net en wol net
Pietje Bell wie froeger myn held,
dy prachtige boeken haw ik alle trije
meardere kearen lêzen.

it byld fan dy Rotterdamse "belhamel",
fier fuort yn myn geheugen
en dochs ek wer ticht bij
wol ik net kwyt ......

ik lit bij de moaie herinneringen
oan dy trije pockets






dinsdag 6 juni 2017

Op in moaie pinksterdei.....

Op in moaie pinksterdei.....
in prachtich liet fan Leen Jongewaard

Op in moaie earste pinksterdei
betocht ik ynienen
om der in bysûndere twadde pinksterdei fan te meitsjen
troch de 11 stêdentocht te fytsen

want, de hiele húshâlding stie oan de start
Tsjeard regele sneintejûn
noch in kaart foar groep 4

Mei dochter Hildau en mei Jellie
al betiid oan de start
wylst dochter Anne letter fuortgie
en soan Tsjeard (mei Berber) al earder fuort wiene

gjin geastlike tarieding
mar wol mei fertrouen
want dit jier al 4500 km yn de fuotten.
langste tocht op ien dei wie de 140 km
rûn it Iselmar

It is goed gien,
in soad kopwurk dien
om de beide froulju
wat út de wyn te hâlden.
Hildau hie te min fytst
op ien dei heechstens 30
en sij fûn it nei 140 km wol goed.
In prima prestaasje!
In praktysk  (wij wiene doe yn Wommels)
en ferstannich beslút,
want der kaam noch in pittich stik oan.

Jellie en ek ha it fierders
reedlik maklik útfytst
foar Jellie de 20ste kear
en ik....
ik wie neffens de rigels in debutant
want al 20 jier net meidien

Oer de organisaasje neat oars as lof,
wat koene wij moai trochfytse de hiele dei
mei safolle fertroude ferkearsregelaars
en fan myn eardere argewaasje oer
lange wachttiden bij stimpelposten en brêgen
oer  agressive,
heu razende,
asosjale ôffsnijende reesfytsers
hie ik no gjin lêst
Op in inkeling nei
wie it noflik fytsfolk

wat wiene dy bierkes lekker yn de tinte....


Op it Reaklif efkes poseare 

oer de finish mei Jellie


Taheakke:
Nei dizze dei koe ik wer 21 doarpen ôfstrepe op de list Alle Fryske Doarpen Fyts Tocht 2017.
Noch 168 te gean...... fan de 417





zaterdag 3 juni 2017

ING

Ik wit net hoelang ik al in girorekken ha,
mar dat moat seker 45 jier wêze.
Postbank hjitte it doe noch,
no ING

Bin in tefreden besitter fan in Ibannûmer
bij de ING
sa't it no sa moai hjit
en wij kinne ús der skoan mei rêde
en witte al lang
dat jild foarhinne wol wat oplevere
mar no net mear

Yn dy 45 jier op gjin inkele wize
kontakt hân mei immen
fan de Postbank en/of ING

Mocht ik ferlet ha fan kontakt
dan pak ik de tillefoan of
skriuw ik in email

Ik wurd erchtinkend
at de bank mij bellet
en útnoeget foar in petear
"omdat it goed is om ris
yn de kunde meielkoar te kommen
en te sjen wat se betsjutte kinne foar ús"
sa seit it fromminske fan de ING yn Snits

Ik jou oan dat sokke útnoegingen
net oan ús bestege binne,
omdat dit net yn it earste plak
yn ús belang wêze sil
mar omdat de ING fêst in belang hat...
want wêz earlik...oars skilje se net

Ik moast suver myn bêst dwaan om
har te oertsjûgjen dat wij net fan doel binne
om nei it kantoar yn Snits te kommen...



donderdag 1 juni 2017

Nû 13


Oan it trekpaad lâns de Boalserterfeart 
pronkje in oantal kilometerpealtsjes
út de tiid
at der noch echt fearn waard mei trekskûten.

Pieter Kamstra fan Wommels
is de hoeder fan dit erfguod.
hij hat se opkreaze,
oanelkoar plakt
en  pealtsjes der omhinne setten
om se te beskermjen 
tsjin wat al te entûsjaste meaners



de prachtige bermen binne no wer keal 
en de pealtsjes steane noch

sels nûmer 13
hat ek dizze meanderij wer oerlibbe
tanksij de pealtsjes en Pieter Kamstra