zondag 11 juni 2017

Partytinte


Nei 20 jier fytste ik wer mei
oan dy Alvestêdentocht

Goed om wer in kear te sjen
dat it folle mear is as 15.000 fytsers
dy't op harren eigen tempo de stêden lâns fytse

It is foaral ek de dei
om oan de kant fan de dyk te sitten,
op strategyske punten
sa as hjir bij Tsjerkgaast
yn de lijte fan de hage en de tsjerke
mei kofje en kuolboksen
en in noflike stoel

En wat ek in partytinten ûnderweis
mei (jonge) lju dy't noflik sitte
te bierdrinken
sa lang at der fytsers lânsgean
en miskien noch wol oeren langer

it is echt fermaaklik om te sjen

Ik haw alles wol meimakke bij de 11stêdentocht
mar it meimeitsje fanút in partytinte noch net

Ik sjoch der no al nei út:
lekker oan de kant sitte,
wat lûde muzyk oan,
wat bier drinke
en sa no en dan in fette hap
en wat roppe:
huh...huh.....huh..

Ik kies Gaasterlân mar as lokaasje
want dêr duorret it wol hiel lang
foardat se allegear foarbij binne

Geen opmerkingen: