dinsdag 4 november 2025

It ferrin fan de Berenloop

It is novimber 2024.

Wij krije de fraach fan Tsjeard en Berber

at wij in wykein meiwolle nei Skylge.

Sneins oppasse en bij de Bearenloop yn novimber 2025 sjen

Dat liket ús gesellich

en ik sjoch in útdaging.

"Dan doch ik de sneons mei foar de 10 kilometer"

Dat is in tasizzing mei gefolgen

want fanôf dat momint moat ik myn loopkes

fan 4 of 5 kilometer langer meitsje

Neffens eigen plan slagget dat en 

mei wat sûne spanning reizgje Jellie en ik

5 dagen earder nei it eilân 

foar ûnder oaren wat parkoers orientaasje.

Dêr wurd ik net gelyk bliid fan

Wat in klimkes, wat in wyn dêr.

Ik sjoch wêr't de kilometer punten binne

sadat ik de sneons op dy punten 

efkes op de smartwatch sjen kin

at ik wat op koers lis

Ik haw 90 minuten de tiid foar de 10 kilometer

mar start op in skema fan 80 minuten

Ik fiel in sûne spanning op dy sneontemoarn 

foar de start om 10.30 oere.

Samme en Berber gean mei nei de start

It waarberjocht is min en it komt út dizze kear.

It reint hûnen en katten 

en dat docht it salang ik ûnderweis bin.

Mar, reine en drave is in prima kombinaasje

It ienige is dat der sa'n 1000 dravers foar mij binne 

en dy meitsje der hjir en dêr in drekboel fan.

"Rinne, rinne' ropt de orginaasje mij ta 

at ik hast bij de finisj bin 

omdat der al meardere ûnderút giene binne.

Dat kin se wol ferjitte.

Wat in start, wat in sfear

mei al dy hûnderten lâns de kant en de rûte

Mei Jellie, Tsjeard, Berber, Samme en Nyck ûnderweis

foar wat oanmoedigings.

En al dy oaren dy't mei taroppe mei namme

omdat ik der wierskynlik wat âld útsjoch

At de measten mij foarbij binne of se binne earder starten

helje ik al gau ek wer minsken yn dy't al gau drave en rinne ôfwikselje

Ik bin grutsk op it feit 

dat ik it hiele ein it draven folhâlde kin.

Mei 1 oere en 21 minuten en 22 sekonden bin ik rom op tiid

en sjoch ik noch moai wat lju nei mij finisjen.

Ik bin ek net stikken

Nei in lekkere waarme dûs 

middeis nei de rees fan Samme en Nyck sjen

Hûnderten bern yn fjouwer groepen

meitsje der ek in draaffeest fan.

Snein komme de toppers

21 of 42 kilometer

Tsjeard en Berber  gean foar de 42 kilometer 

en it slagget harren poerbêst.

In moai wykein en de folgjende Berenlopen

binne op 30 en 31 oktober 2026

Wij hawwe it húske al wer reservearre

en sjoch der no al wer nei út

Yn de rein foar de start mei Berber en Samme



de lêste bocht ......rinne, rinne ropt se



ik bin net te stopjen en draf troch


sa bliuw ik dy iene ek noch foar











efkes útpûste tsjin it stek oan, bij myn supporters









Tsjeard en Berber foar de start op snein




Geen opmerkingen: