Se binne der fannemoarn wer
de neakene slakken.
It is wat fochtich en mei it hege gers op it trekpaad
sykje se de droechte fan it fytspaad
Dat is net in goed idee
Dêr rint en fytst noch wolris ien lâns
Foaral foar fytsers in keunst
om der tuskentroch te fytsen
Foar fytsers ek in keunst
om der just oer hinne te fytsen.
At se sokke oanslaggen fan Schwalbe of Vredestein oerlibje
dat wit ik net.
Ik sjoch net efterom.
In wike as fjouwer lyn
komme der nei in lange droege perioade
hûnderten fan dy slakken te foarskyn yn ús tún.
De siswize seit "net op alle slakken sâlt lizzen"
dat haw ik dan ek net dien.
Op in soad wol
Letter lies ik dat soks in ferfelende dea is foar de slak.
Dat doch ik dan mar net wer
Dan der mar oer hinne fytse.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten