Prachtich hear,
al dy foto's fan de op- en ûndergeande sinne,
fan al dy sniedunen efter de hikke,
fan it glinsterjende ryp op it reid
fan al dy skiep dy't it skynber net kâld ha
en fan al dy fûgels dy't wekken hâlde yn it iis.
It alder moaiste is fansels
de bern op de fiver
mei harren earste streekjes,
mei de stoel dy't noch sa feilich fielt
mei de slide at er gjin redens binne
mei de juf op it iis en de pake op de brêge
foar in foto fan Samme
mei syn moaie blaue helm
dy't er op de fyts ek altyd op hat.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten