zondag 29 maart 2020

Fan alles wat

Ynspiraasje opdwaan foar de blog
is wat lestiger yn dizze perioade
dat ik wat mear op de pôle sit.
In pear dinkjes dus....

Rou-adfertinsje



Der binne teksten en teksten
mar dit fyn ik ien mei twa moaie wurden:
breklik en redenrike

Dr Denker




Yn de LC dizze koroanetiid
wat puzzels fan dr Denker.
Alle dagen ien en sneon wie it dizze
In plak yn Drinte mei 7 letters,
dizze wie maklik

Oppasse




Sa lang it kin en salang it moat
passe wij freeds op ús jongste famke yn de famylje.
It is in aardichheid
om ek dit wûnder wer opgroeien te sjen.
Brecht jout ús in soad fleur,
hoewol dat op dizze "selfie"net te sjen is.

Fyts nû trije

















Wij ha tegearre 7 fytsen stean
en dy meitsje ik sa no en dan skjin
mei de Frânske slach.
Dizze dagen is dat oars.
Alle dagen in fyts ûnder hannen
en dit is nûmer trije.
Nei dizze fytsskjinmeitsje 7daagse
sykje ik wer in oare nuttige bezichheid
op de pôle




Geen opmerkingen: