zondag 2 juni 2019

Oerlibje




Dat is skrikken freedtejûn op de Boppersjûn fan Bob Greidhoek.
Steane je dêr lekker mei syn allen in hapke te iten en in snapke te drinken tusken de druve- en de parrebeammen yn ôfwachting fan it tema en it programma fan it festival dat op 7 septimber plakfine sil, komt der ûnheilsingel Bob Ate de Boer foarbij.
Grutte skrik at hij fertelt dat de freonen fan it bestjoer neitocht ha oer de fergonklikheid, oer de dea en oer it libben.
Samar, sûnder warskôging lit hij witte dat se der echt oer neitocht ha.
Hij hie it net oer “ûnder it genot fan in beugelfleskes” mar nei alle wierskynlikheid in sesje mei wer sa'n Ingelske namme.
Neitinke oer de tiid fan libjen dat doch ik fansels ek, mar ik bin dan ek wat âlder as dizze jongelju.
Ik wol wol tajaan dat ik nachts somtiden wekker lis mei de fraach “ hoe oerlibje ik it idee dat at ik der net mear bin en it Greidhoekfestival wol”.
Dy fraach behearst betiden myn nachtrêst. Wat soe ik dan allegear misse moatte? Ik moat er net oan tinke.
En dan is dêr Ate. Hij rint der wer bij as sit er al midden yn in himelske identiteitskrisis mar op ien of oare wize nim ik him (hast) altyd serieus. Syn wurden Bob is dea….. de lêste kear…..stopje mei dit…..
De teloarstelling dat dit festival ophâldt nei 9 edysjes makket nei in pear sekonden plak foar opluchting, foar opteinens. Bij mij.
Dit sil myn nachtrêst tegoede komme.
Net mear swittend wekker wurde fan dat freeslike foarútsjoch dat sij der langer wêze sille as ik. It idee er in metalbandsje komt en ik bin der net bij.
Dat der punkt wurdt sûnder dat ik efter myn rollator mei beweech en omdonderje Dat idee dat raast oan de protters.
“Rome sjen en dan dea gean” wurdt er wolris sein.
Ik sis 7 septimber helje en dan noch hiel lang trochlibje mei wer oare muzykdingen.
De tekst op myn BOB sjurt (foto's fan Piet Douma )krijt no wol echt in betsjutting.
Ik sil it snein 8 septimber bij it opromjen dan ek útraze: ik oerlibbe it Greidhoekfestival.
Machtich, goed dien jonges….. oant 7 septimber



Geen opmerkingen: