vrijdag 2 november 2018

Knutselje

It die mij earne oan tinken
doe't ik dit yn de krante stean seach

Ommers yn de jierren 70
doe't ik echt kieze moast
wat ik wurde woe
like it in  karriere as skoalmaster te wurden

twa kear haw ik ynskreaun stien
op de pedagogyske akadeemje
sa at de kweekskoalle sûnt 1968 hjit

mar it gie beide kearen
lang om let net troch,
it wie, sil ik no mar bekenne
"de eangst foar de blokfluit"
want dat wie doe it ferhaal
sa't ik it mij herinnerje

in skoalmaster of -juf
moast blokfluitsje kinne

al myn pogingen dêrfoar
om in ynstrumint te bespyljen
wiene net slagge,
sels it slaan op in stove, as begjinnende trommelman
wiisde op gjin inkel muzikaal talint.

Bist ek muzikaal, freegje se mij no wolris
nee, sis ik dan
ik bin noch sykjend nei it goeie ynstrumint
fandêr myn regelmjittich muzikale útstapkes

Foar de goeie oarder noch dit:
hie "knutselen" in fereaske kwaliteit west
yn dy tiid
dan hie it ek neat wurden,
no noch net .......


Geen opmerkingen: