vrijdag 1 december 2017

Ferdivedaasje op freed

Foto Pieteke de Boer

Boargemaster Liemburg is dwaande mei har lêste dagen
as earste boarger fan ús gemeente.
Yn alle kranten, blêden, doarpskranten
stiet har ferhaal.
In iepen ferhaal.
mei hichte- mar ek djiptepunten,
want it wie net altyd sinneskynwaar
foar har
yn Littenseradiel.

Ferdivedaasje
sa hjit it moanliks evenemint
yn de byb yn Wommels:.
efkes om de tafel
mei immen dy't wat te fertellen hat,
op in freedtemiddei om 4 oere.

Hjoed is dy immen frou Liemburg.
In oandachtich publyk
is ien ear allegear ear,
mar benut ek dizze kâns
om wat te freegjen oer it ien of oar.

Frou Liemburg is tefreden oer
hoe't it der foar stiet yn de gemeente
en wat sij dêr oan bijdroegen hat.
Mar wat moai is en opfalt
is dat sij altyd beneamt
wa't dêr ek in wichtige rol yn hân hat:
it dielen fan suksessen
giet har hiel goed ôf.

in moai ferhaal om te hearen,
oer fan alles en noch wat,
fan in belutsen doarpsgenoate,
dy't 1 jannewaris stoppet
as boargemaster

Wêrom ik derhinne wie?
ik haw altyd mei in soad belangstelling
it dwaan en litten folge fan frou Liemburg.
Ik ha grutte bewûndering foar hat trochsetten,
want mei dêrtroch hawwe wij no in gemeente
wêr't wij allegear grutsk op binne
en dy't om mij net opgean hoecht te gean
yn in fierstentegrutte gemeente Súdwest -Fryslân.




Geen opmerkingen: